Mear as de helte fan de Fryske doarpshuzen hat noed oer fuortbestean

03 des 2020 - 19:30

Mear as de helte fan de Fryske doarpshuzen hat noed oer it fuortbestean, no't de gefolgen fan it coronafirus stadichoan dúdlik wurde. Dat blykt út ûndersyk fan Doarpswurk. Fiif persint fan de doarpshuzen hat akute finansjele problemen. "Dy stypje wy wêr't we kinne, en we binne drok yn petear mei ûnder oaren gemeenten om te sjen wat de mooglikheden binne om foar te kommen dat de doarren echt ticht moatte", seit Theo Andreae fan Doarpswurk.

In doarpshûs - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Doarpswurk hopet sawol yn de gemeentlike en provinsjale polityk, as yn de lanlike polityk mei it rapport omtinken te freegjen. "Om te sjen oft we mooglik noch wat ekstra kompensaasje-maatregels los krije kinne", seit Andreae.

Hoefolle jild der presys nedich is, wit Andreae net. "It hinget der ek fan ôf hoelang oft de maatregels noch duorje. De doarpshuzen meie no wer in bytsje iepen, as dat aanst wer wat ferromme wurdt en se kinne wer wat omset draaie, dan falt it miskien wat ta", seit hy.

Ferbining

Gewoanwei hawwe de doarpshuzen de finansjele saken goed foar inoar. "Foar sa fier myn kennis giet is der noch nea in doarpshús fallyt gien", seit Andreae. Hy hopet dat dat ek net barre sil, want de doarpshuzen spylje neffens him in krúsjale rol yn de doarpen.

"Se binne benammen hiel belangryk foar de moeting en de ferbining. De coronakrisis treft de âlderein miskien noch wol hurder, ek yn it isolemint. Dêrfoar ferfolje de doarpshuzen faak in hiele krúsjale rol", seit Andreae.

Theo Andreae fan Doarpswurk

(Advertinsje)
(Advertinsje)