SC Cambuur op jacht nei oerwinning op Telstar: "In lestige pot, mar ek leuk"

03 des 2020 - 18:33

Cambuur spilet freed de útwedstriid yn Velsen tsjin Telstar. Nei de muoisume oerwinning ôfrûne moandei tsjin Jong PSV stiet de ploech fan Henk de Jong wer boppe-oan yn de earste difyzje. Dat it allegear net sa maklik giet, is frij normaal, seit De Jong. Hy neamt dit 'desimberfuotbal'.

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur

"Moandei wie net in geweldige wedstriid tsjin in 'jong team', op in dreech fjild. Dan hawwe alle klups it dreech, dus ek Cambuur", leit De Jong út. "Do spilest tusken de fiif en de tsien wedstriden yn in seizoen sa as tsjin Jong PSV, tweintich wedstriden reedlik ta goed en tsien hiel goed. Dus ast dizze wedstriden winst, dan komst in hiel ein. Foarearst stean we goed: boppe-oan. Oare klups fersterkje ek. Dat wy boppe-oan stean, betsjut dat wy it mei de hiele klup goed dogge."

Telstar wie yn maart ien fan de klups dy't tsjin stimden tsjin degradaasje en promoasje. Foarsitter Pieter de Waard fan Telstar brocht dat in pear wike ferlyn noch prominint nei foaren yn it programma Veronica Inside.

Wat fynt de Cambuurtrainer dêrfan? De Jong skuodhollet mar ris in kear. "Ja, wat dy man seit, dat moat hy sels witte. Dêr meitsje ik my net drok om." Oer Telstar seit Henk de Jong: "Sy spylje altyd goed fuotbal, hawwe it goed foar elkoar. Dus it wurdt in lestige pot, mar ek leuk. Wy wolle beide leuk fuotbalje."

Michael Breij fan SC Cambuur

Michael Breij wie moandei ien fan de spilers dy't nei 45 minuten wiksele waard. It gie stroef. "Absoluut. Het was niet goed. Ook niet van mij. Natuurlijk kan ik er niet mee leven als ik gewisseld wordt, maar ja, je moet ook eerlijk zijn", seit Breij. "Soms zijn er wedstrijden bij dat het niet lukt. Op het moment dat je gewisseld wordt ben je kwaad, maar het is gewoon een terechte wissel geweest. Ik reageerde wel even boos, maar voetbal is ook emotie. Maar het was gewoon een slechte pot van mijn kant. Meer kan ik er ook niet van zeggen".

Breij stiet dochs wer yn de basis freed, dus konsekwinsjes hat syn optreden tsjin Jong PSV net. "Ik ben over het algemeen tevreden over hoe het gaat aan de rechterkant. Ik ga morgen weer gas geven en dan hoop ik langer te spelen dan 45 minuten."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Telstar
(Advertinsje)
(Advertinsje)