Topdrokte by PostNL: Fryske pakketten kinne fertraging oprinne

03 des 2020 - 17:56

De feestdagen komme der wer oan en dat betsjut topdrokte by besoarchtsjinst PostNL. It postsortearsintrum yn Ljouwert hat it sa drok dat it ekstra besoargers ynhiere moat. Ek warskôget it derfoar dat guon pakketten letter oankomme kinne. De postbesoarger sjocht sûnt de útbraak fan it coronafirus sa'n grutte stiging fan it tal pakketsjes, dat se der tweintich rûten troch Fryslân by krigen ha.

Besjoch hjir hoe drok oft ien fan de postbesoargers yn Fryslân it hat:

Drokte by PostNL

Lanlik seit PostNL yn in wike tiid in rekôrtal fan tsien miljoen pakketten te besoargjen. Troch dy topdrokte moat it bedriuw no wol minsken teloarstelle: it kin foarkomme dat pakketsjes in dei letter komme. Der wurdt op it stuit mear besteld as PostNL ferwurkje kin.

Yn de sifers is dat werom te sjen. Sûnt de coronakrisis hat it postsortearsintrum de kapasiteit útwreide. Der wurde 40 persint mear post ferwurke. Mei de feestdagen giet dat persintaazje nochris mei 20 oant 30 persint omheech.

Drokke tiden foar besoarger René Stevens - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ek op sneinen wurdt der no trochwurke yn it Ljouwerter depot. Dat stiet bekend as ien fan de grutsten fan ús lân. Mei 5.500 besoarchritten tsjin 4.500 gewoanwei binne der ek folle mear besoargers ekstra op 'en paad. De sortearsintra krije de pakjes fan grutte frachtweinen. Dêrfan ride der no 1.150 om, wylst dat normaal 940 binne.

Pakketsjes letter retoer stjoere

"We vragen de mensen nadrukkelijk om zendingen die nu retour gaan na het weekend te doen. Zo willen we de druk iets van de ketel halen, want het is echt topsport wat we op dit moment van onze bezorgers vragen", sa seit Richard Kooijman fan it sortearsintrum yn Ljouwert.

Op de meast drokke dagen dizze moanne sil de pyk yn de post dy't rûnbrocht wurdt, oprinne nei 1,5 miljoen pakketten deis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)