Tsien Fryske gemeenten ha noch nea in froulike boargemaster hân

Froulju binne hieltyd better yn byld foar de posysje fan boargemaster. Dat seit kommissaris fan de Kening Arno Brok. Seis fan de achttjin boargemasters yn Fryslân binne frou. Tsien Fryske gemeenten hiene lykwols noch nea in frou oan it roer.
© ANP
Kennisplatfoarm de Collegetafel hat ûndersyk dien foar it blêd Binnenlands Bestuur. Lanlik sjoen ha 120 fan de 355 gemeenten noch nea in froulike boargemaster hân. Fjouwer sels ek noch nea in froulike wethâlder.
Brok fynt dat de boargemastersposysje in ôfspegeling wêze moat fan de mienskip: "Mei myn kabinetssjef ha ik dan ek de strategy ynset om mear froulju oan it roer fan in gemeente te krijen." Binnen it provinsjehûs sjogge se dan yn it foar ek al nei geskikte froulike kandidaten. "At wy witte dat in gemeente frijkomt dan sykje wy fuort al nei froulju dy't dêr passe. Dy freegje wy dan om ris goed nei te tinken oft dy post net wat foar har is."
Froulju binne yn opmars yn Fryslân.
Jannewietske de Vries
Yn Fryslân giet it neffens Brok hiel goed. Fan de 18 boargemasters binne der seis frou. Ek de dykgraaf is in frou. Fiif boargemasters binne der kaam yn de tiid dat Brok kommissaris is. Dat is in positive ûntwikkeling fynt Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest Fryslân: "Mei Brok ha we in hiele aktive kommissaris op dit mêd. Froulju binne yn opmars yn Fryslân."

Noch gjin frou yn tsien gemeenten

Dochs hat dy opmars tsien gemeenten noch net berikt. Der hat noch nea in frou boargemaster west yn Achtkarspelen, It Amelân, Dantumadiel, De Fryske Marren, Harns, Hearrenfean, Eaststellingwerf, Smellingerlân, Weststellingwerf en Noardeast-Fryslân (Dongeradiel hie earder al in frou oan it roer. Dy gemeente gie op 1 jannewaris 2019 op yn Noardeast-Fryslân).
Yn Harns is woansdei dúdlik wurden dat der 25 kandidaten binne foar it boargemasterskip. Njoggen dêrfan binne frou. CDA-fraksjefoarsitter Hendrik Sijtsma is lid fan de fertrouwenskommisje. Hy seit te gean foar de bêste kandidaat en net perfoarst foar in frou: "Want de bêste kin in frou wêze." Fierder wol Sijtsma der neat oer kwyt.

Opsterlân en de eilannen dogge it goed

Twa Fryske gemeenten dogge it ek lanlik sjoen goed: Opsterlân en Flylân. Yn beide gemeenten sit al seker 12 jier in froulike boargemaster. Op Flylân siet earst Baukje Galama (2005-2009), dêrnei Ella Schadd twa kear as waarnimmer en no sûnt 2015 Tineke Schokker.
Yn Opsterlân siet earst Francisca Ravestein (2008-2014), dêrnei kaam Marian Jager-Woltgens as waarnimmer (2014, waarnimmend) en sûnt 2014 Ellen van Selm.
Opfallend is dat de Fryske waadeilannen it measte oantreklik binne foar froulju. Allinnich op Amelân sit in man. Brok hat dêr wol in ferklearring foar: "It froulike karakter past better by de polityk op de eilannen. Se binne minder maskulyn en passe goed yn it frijsinnige tinken. Do hast dêr te krijen mei in juttersmentaliteit." Op Flylân fregen se sels om in frou, seit Brok: "De ried frege eins om it jongere suske fan frou Schokker."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer de Fryske froulike boargemasters

Bedriuwslibben

Bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Academie fan NHL Stenden Hogeschool sjocht in parallel mei it bedriuwslibben: "Daar zijn vrouwen ook ondervertegenwoordigd in topposities. Dat is triest maar waar."
Dochs sjocht Osinga ljochtpuntsjes. Benammen om't de sollisitaasjes foar it amt hieltyd demokratysker wurde: "Het gebeurt niet meer achter de schermen. Kijk bijvoorbeeld naar Harlingen. Hoe open die procedure is." Dochs wringt der noch al in skoech, sa seit Osinga: "Je ziet toch altijd dat mensen solliciteren die al een politieke achtergrond hebben. En daar zijn, weer helaas, mannen. in de meerderheid."