Operaasje Fryske Flagge: Trochstart fan Fryske studinteferieniging Aldgillis yn Delft

03 des 2020 - 17:24

Fan alle lannen op ierde is fan de flagge in emoji, mar net fan de Fryske flagge. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike hawwe wy mei Marten Wijnja praat, dy't yn Delft besiket it Fryske studinteselskip Aldgillis wer libben yn te blazen.

Foto: Marten Wijnja

Marten komt út Wommels en is studint Wurktúchboukunde yn Delft, in stúdzje dêr't hy al sân jier mei dwaande is. "Ik wol net sizze dat ik in ivige studint bin, mar miskien wol in bytsje", seit hy laitsjend. Hy fertelt dat er it tige nei syn sin hat yn Delft, mar dochs misten hy en syn Fryske húsgenoaten wat.

Doe't sy der op de reis werom nei Wommels ta efterkamen dat it Fryske studinteselskip Aldgillis yn Delft al tweintich jier sliepende wie, besleaten se dêr wat oan te dwaan. "Wy seinen: 'dit kin fansels net'." Neffens Marten begjint de feriening no sa stadichoan wer fan 'e grûn te kommen. "It hat draachflak fansels, want de Fryske flagge yn Delft, dat lûkt. Minsken wolle dêr fansels by."

Eamelje oer de molkepriis

"Ik ha Fryske húsgenoaten, ik kin thús Frysk prate. Yn stee fan jenever hawwe wy ek wolris bearenburch. Mar dat is net foar elkenien it gefal." De Fryske kultuer is neffens Marten dochs wol wat oars as de sfear dy't der yn Delft hinget. "Eamelje oer de molkepriis dy't te leech is, dat kin net oeral." Mei Aldgillis hawwe de Delftske Friezen in platfoarm opboud dêr't dit wol kin.

Bekende âld-leden fan Aldgillis binne Jan Sipkema en Henk Kroes, âld-foarsitters fan de feriening en ek fan De Friesche Elf Steden. Dat der yn de ôfrûne tweintich jier sawol gjin Aldgillis en gjin Alvestêdetocht west hat, is neffens Marten dan ek net tafallich. "Myn ynstek is, dat dat de iennige reden is dat der gjin Alvestêdetocht mear west hat." Oft Marten ek foarsitter fan Aldgillis én foarsitter fan De Friesche Elf Steden wurde sil, lit hy noch yn it midden.

It grêf fan kening Aldgillis

Earder al seinen de Wageningske en Grinzer studinteferieningen dat it coronafirus harren beheinde yn it winnen fan nije leden, en dat is yn Delft net oars. Potinsjele nije leden oan in feriening bine, is lestich wannear't der gjin aktiviteiten binne. Sa soe de grand opening fan Aldgillis dit jier yn Starum wêze, by it grêf fan kening Aldgillis, krekt as dat de feriening dêr eartiids ek in aktiviteit hie.

Dat koe troch corona dit jier lykwols net trochgean. "Dat hawwe wy ferpleatst nei takom jier. Mar der komt skielk yn Starum wer in Aldgillis-aktiviteit, en dêr is fansels elkenien wolkom!"

Operaasje Fryske Flagge: Marten Wijnja fan Aldgillis yn Delft

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 180 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)