Fjouwer oanhâldings yn ûndersyk nei drugshannel yn Ljouwert

03 des 2020 - 17:05

De plysje hat woansdeitejûn yn Ljouwert, Hurdegaryp en Snits fjouwer oanhâldingen dien. De fjouwer, in 22-jierrige man út Snits, in 19-jierrige frou fan Kollum, in Rotterdammer en in man sûnder fêst wenplak, wurde fertocht fan drugshannel en wytwaskjen.

Foto: Ben de Jager, Omrop Fryslân

De plysje krige meldings dat in tal Rotterdammers dwaande wiene mei it hanneljen fan drugs yn Ljouwert. Doe waarden twa Rotterdammers oppakt mei in soad drugs. Troch fierder ûndersyk kamen de fjouwer fertochten yn byld.

Woansdei waarden twa fan de fertochten oppakt de Drachsterdyk yn Ljouwert. De plysje fûn by harren 50 gram heroïne en 50 gram kokaïne. Op dat stuit waarden ek huzen yn Snits en Hurdegaryp trochsocht. Yn Snits waard kokaïne en xtc fûn en yn Hurdegaryp kaam de plysje heroïne, xtc en ark om pillen te meitsjen tsjin.

Lúksueus libben

De Rotterdammers wurde sjoen as de koördinatoaren fan de hannel. De fertochten foelen op trochdat se gjin ynkommen hiene, mar wol lúksueus libben. "Op papier hadden de verdachten geen bezit of inkomen en geen vaste woon- of verblijfplaats", sa seit teamsjef Klaas Dunnink fan de Ljouwerter plysje.

"Toch reden ze in gehuurde auto's bij diverse autohuurbedrijven. Ook gaven ze het nodige geld uit aan luxe kleding en andere spullen. De drugshandel werd in deze groep goed georganiseerd. Deze handel in drugs gaat doorgaans hand in hand met andere vormen van criminaliteit, zoals het witwassen van het geld. Het leek alsof deze verdachten van de lucht leefden."

Alle fertochten sitte fêst en sille heard wurde oer harren belutsenens by de saak. De plysje slút mear oanhâldings net út.

(Advertinsje)
(Advertinsje)