Fytster ferwûne nei botsing mei auto yn Marsum
By in ûngelok op de Hegedyk yn Marsum is tongersdeitemiddei in fytster ferwûne rekke. Se kaam yn botsing mei in auto.
It slachtoffer is neisjoen troch it ambulânsepersoniel en meinaam nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe't it mei har is.