RIVM: 110 nije coronabesmettings, ien stjergefal

Der binne de ôfrûne 24 oeren 110 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der mear as woansdei, doe wiene it der 89. Der is yn it ôfrûne etmiel ien persoan ferstoarn oan it firus.
It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):
De measte besmettings waarden fêststeld yn Súdwest-Fryslân (29) en De Fryske Marren en Ljouwert (beide 15).
Twa ynwenners fan Noardeast-Fryslân en in ynwenner fan Tytsjerksteradiel waarden opnaam yn it sikehûs. In ynwenner fan Smellingerlân ferstoar oan de gefolgen fan it firus.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.