HEA! Njoggentich jier suskes

03 des 2020 - 14:47

De ienaaiïge twilling Janny en Eesje Schotanus wurdt tongersdei njoggentich jier. De sussen waarden berne op 3 desimber 1930 yn Starum. Net allinne lykje se in soad op elkoar, yn harren libbens rinne dingen ek faak gelyk op. Se trouden op deselde dei, wurken beiden yn de fiskhannel en binne ek beiden al wer hiel wat jierren widdo. En no wenje se beiden yn it fersoargingshûs yn Warkum, dêr't se in soad oan elkoar ha.

HEA! Twaling fan njoggentich

(Advertinsje)
(Advertinsje)