Hûnderten kilo's fjoerwurk fûn yn Ljouwert en Dokkum: "Levensgevaarlijk voor de omgeving"

03 des 2020 - 17:40

De plysje hat woansdei by aksjes yn Ljouwert en Dokkum 450 kilo profesjoneel fjoerwurk fûn dat foar ferkeap bedoeld wie. Der waarden twa fertochten oanhâlden, in Ljouwerter en in Dokkumer.

Yn Ljouwert waard goed 200 kilo fjoerwurk fûn - Foto: Plysje

Yn Ljouwert fûn de plysje in auto dy't fol lei mei mear as 200 kilo fjoerwurk. In 31-jierrige Ljouwerter waard oanhâlden. Yn in wenning yn Dokkum waard ek goed 200 kilo fjoerwurk fûn. De 28-jierrige bewenner waard oanhâlden. Op beide plakken wie it fjoerwurk net feilich opslein.

Unfeilich

It fjoerwurk soarge foar gefaarlike sitewaasjes, seit wurdfierder Ingrid Coenen fan de plysje. "Zoveel kilo in een auto is gewoon levensgevaarlijk voor de omgeving. De auto stond ook in een woonwijk, dat is zorgwekkend. Als het om deze hoeveelheden gaat, brengt dat gevaar met zich mee. Je kan je voorstellen wat er gebeurt als daar vuur bijkomt."

Ferline wike waard by aksjes yn gemeente Waadhoeke ek al ris hast 400 kilo swier fjoerwurk fûn.

Ingrid Coenen

Trefwurden: 
Ljouwert Dokkum fjoerwurk
(Advertinsje)
(Advertinsje)