Súdwest-Fryslân iepenet meldpunt foar dupearde famyljes bernetaslach

Súdwest-Fryslân sil famyljes dy't yn 'e problemen kaam binne troch flaters fan de Belastingdienst by de berne-opfangtaslach helpe. Dizze famyljes kinne rekkenje op help by bygelyks skuldens, ynkomsteferlies of by de opfieding fan bern. Der is in gemeentlik meldpunt dêr't dupearden telâne kinne.
Foarbyldfoto fan in pjut op de berne-opfang © Shutterstock.com
De Belastingdienst hat tasein dupearre famyljes te kompensearjen, mar it is ûndúdlik oft dizze kompensaasje foldwaande wêze sil. "Om te voorkomen dat de problemen groter worden willen wij graag in contact komen met deze gezinnen", leit wethâlder Gea Wielenga út.
It is net bekend hoefolle minsken yn Súdwest-Fryslân yn de problemen kaam binne troch flaters by de Belastingdienst. Der hawwe har yntusken 32 famyljes út de gemeente meld by de Belastingdienst. Fanwegen de privacyregels mei dy lykwols gjin nammen trochjaan oan de gemeente. Wol jout de Belastingdienst by dupearden oan dat se foar help telâne kinne by de gemeente.

Libben op de rit krije

"Voor mensen die gedupeerd zijn door de Belastingdienst kan het moeilijk zijn om nu hulp te vragen bij de gemeente", seit Wielinga. "Toch willen we juist deze mensen vragen om zich bij ons te melden. Dan kunnen we met elkaar kijken wat nodig is om het leven weer op de rit te krijgen. Op wat voor manier dan ook."
It gemeentlike meldpunt foar dupearden fan de berne-opfangtaslach is berikber fia it telefoannûmer 14 0515 of fia it kontaktformulier op de webside fan de gemeente.

Oare meldpunten

Earder iepenen ek gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen al meldpunten foar dupearre famyljes.