20 moanne sel easke foar ferkeapjen deadlik yllegaal fjoerwurk

03 des 2020 - 13:10

It Iepenbier Ministearje hat tongersdei 20 moanne selstraf en 10 moanne ûnder betingst easke tsjin in 32-jierrige Anjumer. De man ferkocht in saneamde mortierbom, dêr't yn 2018 in ynwenner fan Moarre by in ûngelok troch om it libben kaam.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It slachtoffer, in 41-jierrige man, hie it fjoerwurk yn in buis dien om it lansearjen, mar by it oanstekken fan de snellont gie it mis. Sawol it slachtoffer as in doe 15-jierrige ynwenner fan Moarre waarden fuortblaasd troch de eksploazje.

"De mortierbom is hoogstwaarschijnlijk met grote kracht tegen zijn hoofd en hals aangekomen en vervolgens van dichtbij ontploft", sa seit de offisier fan justysje.

Earder fergryp

By it trochsykjen fan it hûs fan de Anjumer waard ek oar profesjoneel fjoerwurk fûn en patroanen foar in alarmpistoal. Hy ferklearre net te witten dat it fjoerwurk dat hy ferkocht gefaarlik wie. De man stie yn 2008 ek al ris terjochte foar fjoerwurkdelikten.

Tongersdei stean ek de no 17-jierrige ynwenner fan Moarre en syn 42-jierrige heit terjochte foar it yn besit hawwen fan yllegaal fjoerwurk.

Grutte gefolgen foar Moarre

De gefolgen fan it ûngelok binne grut, sa sei de offisier. "De gevolgen van dit incident staan in het geheugen van de nabestaanden en vrienden gegrift. De hele gemeenschap van het kleine dorp Morra leeft mee met wat er is gebeurd. Het altijd zo levendige dorp dat barstte van de activiteiten rond oud en nieuw zal nooit weer hetzelfde zijn."

Parse-offisier Jolanda Brontsema oer de eask

(Advertinsje)
(Advertinsje)