Flyers hoopje op renovaasje iishockeyhal: "Wy wolle in hûs foar de klup"

03 des 2020 - 12:49

De iishockeyhal by Thialf op it Hearrenfean is hurd oan renovaasje ta. Foarsitter Henk Hoekstra fan UNIS Flyers hopet dat de iishockeyklup in kantine krije kin, sadat der in 'thús' foar de klup ûntstiet.

Foto: Martin de Jong

Foar de renovaasje lizze der no trije opsjes: in goedkeapere fariant fan 2 miljoen wêrby't de betonflier, de boarding, de ferljochting en de fentilaasje oanpakt wurdt en twa djoerdere opsjes, mei yn beide ferzjes in útbou derby dêr't dan in kantine yn fêstige wurdt.

"It is hiel simpel, Thialf is no in hal dêr't wy traine en wedstriden spylje, mar it is gjin thús foar ús. By jeugdwedstriden en rekreaasjewedstriden is der neat te krijen, wy wolle graach in eigen kantine ha. In hûs foar de klup", sa seit Hoekstra. "Dan kinne wy krekt sa as fuotbalklups jild generearje, dat soe ekstra ynkomsten opsmite kinne foar de hal."

Eksploitaasje wurdt muoilik

Neffens Hoekstra koe it net oanpakken fan de sitewaasje wolris liede ta de ein fan de Flyers. "Dat betsjut dat de eksploitaasje hiel muoilik wurdt. Dan binne je beheind troch in sitewaasje dêr't je neat mear úthelje kinne en dan tink ik dat it iishockey it lestich ha sil om te oerlibjen."

Neffens Hoekstra is it skieden fan de 400-meterbaan en de iishockeyhal it ûndersykjen wurdich. "Dan kinne je de eksploitaasje echt taskriuwe nei de baan. Je moatte je ôffreegje, moatte je in direksje sette op ien iisbaan? Je soene ek mei ynset fan frijwilligers in soad dwaan kinne."

Henk Hoekstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)