Tûzenen minsken misse diagnoaze troch corona: "Veel blijven onder de radar"

Tûzenen Nederlanners rinne om mei in sykte dy't as gefolch fan de coronapandemy net ûntdutsen is. Nei de earste coronaweach is der gjin ynhelslach makke yn it oantal diagnoazes, docht bliken út nije gegevens fan de Nederlandse Vereniging voor Pathologie (NVVP). Karin Groeneveld fan de húsdoktersferiening Fryslân neamt dy sifers alarmearjend: "Dat betekent dat een groot deel van mogelijk ernstig zieke mensen onder de radar blijft."
Tûzenen minsken misse diagnoaze troch corona
In soad Nederlanners rinne dus om mei in slimme, mooglik kwea-aardige sykte dy't noch net ûntdutsen is. Foar in grut part fan dizze pasjinten bestiet in goede behannelopsje, mits behanneling net te lang útsteld wurdt. Fierder útstel betsjut dat sy pas by in spesjalist komme yn in slimmer stadium fan harren sykte. Dat is ûngeunstich foar de prognoaze.

Befolkingsûndersyk

Yn de earste coronaweach waard de reguliere soarch by húsdokters en yn de sikehûzen ôfskaald. De befolkingsûndersiken nei limoer- (baarmoederhals-), boarst- en termkanker waard tydlik stillein. Dat hat laat ta in sterke delgong fan it oantal diagnoazes, docht bliken út de sifers fan de patologen, dy't har dwaande hâlde mei it stellen fan diagnoazes op basis fan weefselûndersyk.
"Dat is pas laat in de coronagolf weer op gang gekomen en dat betekent dat er langs die weg veel diagnoses niet zijn gesteld", seit Groeneveld. In oare ferklearring is neffens har dat de diagnoaze kanker in soad foarkomt by âldere en kwetsbere minsken. "Juist die categorie vermijdt nu uit angst voor corona de huisarts of specialist."
Karin Groeneveld © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Húsdokter Karin Groeneveld fan husdoktersferiening Fryslân
Yn har eigen praktyk tinkt Groeneveld dat se fjouwer of fiif pasjinten tsjinkaam fan wa't se leaver hân hie dat se earder oan de bel lutsen. "Ik verwacht van collega's in de rest van het land dat ze dezelfde ervaring hebben", leit Groenveld út. Yn har eigen praktyk soarge dat lokkigernôch net foar fatale gefallen.
Oft de situaasje gau ferbetterje sil, is mar de fraach, om't sikehûzen noch altyd de hannen fol hawwe oan de soarch foar coronapasjinten. De twadde coronaweach dêr't we yn sitte, sil nei alle gedachten noch wol efkes oanhâlde en tsjin de ein fan de weach sille de efterstannen sa grut wêze dat it dreech wurdt om dy yn te heljen.
"Als je twijfelt over of een klacht gezien moet worden, blijf dan niet weg", ropt Groeneveld op. "Van telefoneren krijg je geen corona, dus overleg met ons!"
© ANP

Zorgbelang Fryslân

Ek Zorgbelang Fryslân ropt minsken op de húsdokter te beljen as der wat is. "Het is belangrijk de reguliere zorg zo gauw mogelijk op te schalen naar het niveau van voor de coronacrisis. Uitstel van onderzoek kan negatieve invloed hebben op de kwaliteit van leven en op de overlevingskansen van patiënten. Niemand is gebaat bij meer ingrijpende behandelingen of een diagnose die te laat komt."
Sûnt it begjin fan de coronapandemy binne dit jier 15 persint minder diagnoazes steld as de ôfrûne fiif jier it gemiddelde wie, blykt út de patologysifers. It giet benammen om foarmen fan kanker as om oare sykten, lykas groanyske ûntstekkings fan it mage- en termstelsel.
De efterstân is it grutst by sykten dy't opspoard wurde fia in befolkingsûndersyk: by term-, boarst- en limoerkanker ûntbrekt mear as 25 persint fan it 'normale' oantal diagnoazes. By bern is de efterstân like grut as by folwoeksenen, neffens de patologen.