Unbekend is ûnbeklage: dit witte Friezen fan Grutte Pier

03 des 2020 - 12:00

Dat Grutte Pier echt libbe hat en net mar in myte wie, dat witte de measte Friezen wol. Mar wannear't hy krekt libbe, tsjin wa't hy fochten hat en wat hy echt prestearre, dat is folle minder bekend. Dochs toarne de Friezen leaver net oan syn status as Frysk histoarysk ikoan, sa docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan Omrop Fryslân.

In bekende ets fan Grutte Pier út 1622 - Foto: Simon Frisius (Collectie Rijksmuseum)

Yn it ûndersyk is Friezen frege nei harren kennis en miening oer de Fryske frijheidsstrider. De kennis oer de man falt in bytsje ôf. It is reedlik bekend dat hy gjin myte wie, mar in echt besteand persoan: Pier Gerlofs Donia. Dat wit 85 persint fan de ûnderfrege persoanen wol. Grutte Pier libbe fan 1480 oant 1520. Mar de helte fan de Friezen hat dêr in byld fan.

'Dy fan de Slach by Warns?'

Yn 1345 fersloegen de Friezen de Hollanners by Warns, by de saneamde Slach by Warns. Fjouwer op de tsien Friezen tinke dat Grutte Pier by dizze slach belutsen wie, mar de ikoanyske frijheidsstrider wie doe noch net iens berne. Ek Kening Redbad wie gjin tiidgenoat fan Grutte Pier, al is mar ien op de fiif Friezen dêr wis fan. De rest fan de Friezen hat gjin idee oft Redbad en Pier tiidgenoaten wiene of tinkt sels dat se dat wól wienen.

Grutte Pier libbe goed 800 jier letter as Kening Redbad. Nettsjinsteande it feit dat de trochsneed Fries net in soad fan Grutte Pier wit, seit ek mar 40 persint fan de Friezen dat se mear oer him leare wolle.

Grutte Pier als icoon van Fryslân: ongekend maar toch bemind

Der is in soad misbegryp oer de skiednis fan Grutte Pier. Grutte Pier focht tsjin de Saksen, dy't in ein makken oan de 'Fryske Frijheid'. Dit koe Grutte Pier net foarkomme. Grutte Pier waard dochs sjoen as frijheidsstrider, mar koe dy frijheid net feilichstelle en makke ûnderweis benammen slachtoffers. Feitlik besocht Pier in ûntwikkeling, dy't efterôf sjoen Fryslân just in soad foarútgong brocht, tsjin te hâlden.

Bloed oan de hannen

It wie ek in wreed man en hy ferstoar úteinlik yn iensumens. Fryslân florearre dêrnei ûnder it nije Saksyske bestjoer. Nettsjinsteande dat fine seis op de tsien Friezen dat Grutte Pier in ikoan bliuwe moat foar ús provinsje.

Der hoecht ek net oer him diskusjearre te wurden, seit hast de helte fan de Friezen, sa as dat no bygelyks wol bart oer Jan Pieterszoon Coen. En it stânbyld yn Kimswert? Dat moat stean bliuwe, seit 70 persint fan de Friezen.

Sneon 5 desimber stjoert NPO2 om 15.30 oere de Fryslân DOK 'Bûter, brea en swarte bledsiden - De skaadkant fan Grutte Pier' út. Snein 6 desimber om 17.00 oere is de Fryslân DOK te sjen by Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
Fryslân DOK Grutte Pier
(Advertinsje)
(Advertinsje)