Brommobyl slim skansearre nei botsing mei auto op N355

03 des 2020 - 11:28

In brommobyl en in persoane-auto binne tongersdeitemoarn op de N355 mei-inoar yn botsing kaam. It ûngelok barde op 'e hichte fan it tankstasjon tusken Lytsewâld en Boerum.

Foto: De Vries Media

De brommobyl kaam fan de Hesseweg ôf en seach op de krusing mei de N355 de auto oer de holle, mei in oanriding as gefolch. Beide bestjoerders koene selsstannich út de auto komme.

De persoane-auto bedarre yn in sleat, de brommobyl rekke slim skansearre. Beide bestjoerders hoegden net nei it sikehûs ta.

De plysje hat tydlik in part fan de dyk ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)