Boargemaster Waanders slút drugspân yn Tsjummearum

03 des 2020 - 11:20

Boargemaster Waanders fan de gemeente Waadhoeke hat ôfrûne tiisdei in wente yn Tsjummearum sletten om't dêr earder dit jier in himpkwekerij oantroffen waard.

Foto: Shutterstock.com (Dmytro Tyshchenko)

De plysje krige meardere anonime meldings fan in mooglike himpkwekerij yn de wente en gie op ûndersyk út. Op 23 septimber fan dit jier trochsocht de plysje it hûs, dêr't se in profesjoneel ynrjochte kweekromte ûntdutsen. Der koene sa'n 500 himpplanten yn de romte kweekt wurde. Boppedat waard de elektrisiteit yllegaal ôfnaam.

De wente wurdt foar seis moannen sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)