Psygoazesoarchteam fan GGZ Fryslân oer nei KieN

03 des 2020 - 09:38

It team Vroegtijdige Interventie bij Psychose (VIP) fan GGZ Fryslân giet oer nei KieN, oanbieder fan spesjalistyske geastlike sûnenssoarch foar jongerein en folwoeksenen yn Fryslân. Dêrmei moat spesjalistyske help en behanneling by psygoaze foar Fryslân behâlden bliuwe.

Foto: Shutterstock

"Mei ús oerstap garandearje wy dat we kliïnten de bêst mooglike soarch jaan bliuwe kinne", seit Nynke Boonstra, haad fan it VIP-team. "De gearstalling fan it team en ús wurkwize bliuwe lyk. Ek by KieN hawwe we foar help by in psygoaze gjin wachtlist. Fan 1 jannewaris 2021 ôf kinne nije kliïnten en soarchprofesjonals mei fragen en oanmeldings by KieN VIP telâne."

Regionale soarch

Oanlieding foar it team om by KieN yn tsjinst te trêdzjen, is de beslissing fan GGZ Fryslân om har soarch regionaal te organisearjen. Dat hat ta gefolch dat spesjalistyske teams, wêrûnder it team Vroegtijdige Interventie bij Psychose (VIP), opheft wurdt, De profesjonals wure ûnderbrocht by generike behannelteams.

"De winsk om GGZ-soarch tichterby te kliïnten te organisearjen, moedigje ik fansels oan", seit Boonstra. "Mar net as dêrmei weardefolle kennis en ekspertize oer in tige kwetsbere kliïntegroep ferlern gean. Dat is wat der mei it opheffen fan it VIP-team driget te barren."

Heechspesjalistyske help

Yn 2008 naam Boonstra, ferpleechkundich spesjalist GGZ en lektor Soarch en Ynnovaasje yn de psychiatry oan NHL Stenden, by GGZ Fryslân it inisjatyf om (op basis fan har ynsichten út har proefskrift) VIP-soarch op te setten: heechspesjalistyske help foar minsken dy't in psygoaze trochmeitsje. Yn Fryslân giet it jierliks om sa'n 200 nije kliïnten.

"Wij hebben onze deuren met liefde voor het VIP-team opengezet", sizze psychiater Elbert-Jaap Schipper en klinysk psycholooch Charlotte van der Wall, mei-oprjochters en direkteuren fan KieN. "Inhoudelijk sluit hun aanpak naadloos aan op onze werkwijze: persoonlijk, open en op maat."

Foto: KieN

Boonstra, dy't direkteur fan KieN VIP wurdt, docht al 20 jier ûndersyk nei it ferbetterjen fan soarch foar minsken mei psygoazegefoeligens. Se makket ek ûnderdiel út fan de lanlike wurkgroep dy't de behannelrjochtlinen hjiroer opstelt.

"As ien psygoatyske klachten krijt, is it wichtich om dy persoan sa rap mooglik spesjalistyske help op maat te jaan", seit Boonstra. "Hoe earder je dêrmei begjinne, hoe grutter de kâns dat dy persoan de trie wer gau oppakke kin. En hoe lytser it risiko dat dy persoan letter weromfalt. Ut wittenskiplik ûndersyk docht bliken dat VIP-teams, dus teams dy't allinnich kliïnten mei in psygoaze behannelje, effektiver binne as teams dy't kliïnten mei ferskillende fersteurings behannelje. Dat hat ûnder oare te krijen mei de yntinsiteit fan de oanpak en mei it multydissiplinêre behannelteam dat derby belutsen is."

It VIP-team bestiet ûnder oare út psychiaters, sûnenssoarchpsychologen, ferpleechkundich spesjalisten en sosjaal psychiatrysk ferpleechkundigen.

Nynke Boonstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)