Corné van de Erve oer drigemint iepenjen hoareka: "Ze staan met hun rug tegen de muur"

Corné van de Erve fan Koninklijke Horeca Nederland seit it drigemint fan hoarekaûndernimmers om op 17 jannewaris de doarren te iepenjen goed begripe te kinnen. "Ze staan met hun rug tegen de muur." Syn stipe is lykwols allinnich moreel, om't hy de ûndernimmers net noch mear yn de problemen bringe wol.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Hoarekaûndernimmers yn Ljouwert en sa'n fyftich oare plakken yn Nederlân driigje op 17 jannewaris iepen te gean, ek as dat net mei. Neffens de ûndernimmers is de maat no echt fol. Se sizze it fertrouwen yn it kabinet op, omdat se op omfallen stean en stipe fan de oerheid útbliuwt. Van de Erve fielt harren emoasje: "Stel je voor dat je negen maanden geen salaris krijgt en je collega wel, terwijl je vaste lasten doorgaan. Ik snap dat ze perspectief willen."

Boargerlike oerhearrigens

Hoewol't hy harren stipet, moediget hy hoarekaûndernimmers net oan om de regels te brekken. "Mijn steun is moreel. Ik kan niet zeggen dat ze allemaal voor burgerlijke ongehoorzaamheid moeten gaan", seit hy. De ûndernimmers hawwe it no al hiel dreech en Van de Erve kin it him net oer it hert ferkrije dat se yn noch mear problemen komme. "Ik kan niet zeggen dat ze een boete en definitieve sluiting moeten riskeren. Heel diep in mijn hart wil ik hen misschien wel oproepen, maar het kan niét."

Wrang

De situaasje is neffens Van de Erve hiel wrang. "Wij krijgen te horen dat het aan de horeca ligt." Tagelyk rinne de winkelstrjitten yn de wykeinen oerfol en ûntfong de Efteling mear as 100.000 besikers. Dat frustrearret him: "Dat zijn meer gasten dan wij in één weekend in heel de horeca in Fryslân ontvangen. Dat is hartstikke oneerlijk en onbegrijpelijk!", seit hy emosjonearre.
Van de Erve hopet simpelwei op antwurden fan it kabinet. "Zodat wij en onze gasten kunnen begrijpen waarom ze wel buiten de drukte in mogen, maar dat de horeca dicht is."

Oerheidsstipe

It kabinet oerleit no oer in tydlike ferromming foar de hoareka mei de feestdagen. Oft dat echt wat úthellet, kin Van de Erve sa gau net sizze. "Als ze open mogen met maximaal tien gasten, dan niet. De kosten zijn dan hoger dan de baten." De finansjele stipe fan de oerheid is dêryn by lange nei net genôch no. "We zijn nu op alle manieren aan het lobbyen en trekken en duwen om er maar beweging in te krijgen, maar het is moeilijk."
Corné van de Erve fan Koninklijke Horeca Nederland