Waadbelibbingssintrum De Noordhoren fan Holwert nei Ljouwert

It waadbelibbingssintrum De Noordhoren ferlit de lokaasje yn de tsjerke oan de Elbasterwei yn Holwert. De bisten en materialen ferhûzje nei AquaZoo Ljouwert, dêr't se in nij plak krije. Op woansdei 2 desimber makke it kenmerkjende seis meter lange en twa meter brede see-akwarium de rit nei de nije bestimming. Waadbelibbingssintrum De Noordhoren koe troch it ferlies fan subsydzje en de ferplichte sluting fanwegen de coronamaatregels de holle net langer boppe wetter hâlde.
Waadbelibbingssintrum De Noordhoren fan Holwert nei Ljouwert
Ek de skulpen, ynformaasjematerialen en in slikbak, dêr't eb en floed yn neidien wurdt, ferhûzje út De Noordhoren nei AquaZoo. Bisten dy't in nij ûnderkommen fine yn it park by Ljouwert binne krabkes, skulpdieren, tongen, skollen, pûtielen, seenullen, seedonderpodden en hûnshaaien. Dizze binne earder al oerbrocht nei in tydlik ferbliuwplak yn Delfsyl, dêr't se wachtsje oant se yn harren nije ûnderkommen telâne kinne.

Folgjende stap

Bestjoerslid Maja Geluk is bliid dat it ferhaal fan it waadbelibbingssintrum op dizze nije lokaasje in noch grutter publyk berikke sil. "De kerk in Holwerd is een fantastische plek en we zijn dankbaar dat we daar de kans hebben gekregen om dit centrum op te starten. Maar het is nu tijd voor de volgende stap. In AquaZoo kunnen we nog beter alle bijzondere dieren en planten die in de Waddenzee leven laten zien."
© Ben de Jager, RTVNOF
It waadbelibbingssintrum De Noordhoren waard yn 2009 oprjochte nei't de Waadsee útroppen waard ta Unesco Wrâlderfgoed. De doelstelling wie om in sintrum op te rjochtsjen mei goede, dúdlike, learsume en ek fermaaklike feiten en weetsjes oer it Waadgebiet.

Unyk stikje Nederlân

Geluk: "We vinden het belangrijk dat mensen het verhaal van dit schitterende natuurgebied horen en daardoor net als Unesco beseffen hoe uniek dit stukje Nederland is. AquaZoo kan dit perfect overbrengen, als dierentuin met een oog voor de inheemse natuur." It akwarium en de tijbak sille ynkoarten te sjen wêze by AquaZoo Ljouwert.
© Ben de Jager, RTVNOF