Kollum: "Gelokkich"

03 des 2020 - 08:23

"Friezen binne it gelokkichst! It Centraal Bureau voor de Statistiek publisearre fan 'e wike in ûndersyk nei 'geluksbeleving en tevredenheid' en de regionale ferskillen dêryn. Dêr kaam út dat de Friezen 0,1 prosintpunt gelokkiger binne as de Siuwen en 0,2 prosintpunt gelokkiger as de Grinslanners. Kwa 'tevredenheid' wûnen de Grinslanners wer fan ús, mar hey, wat soe dat.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Dit wie nijs by de Omrop. Mar ek allinnich dêr, fierder berjochte gjin inkeld Nederlânsk medium oer dizze eklatante oerwinning. Ja, RTV Drenthe melde dat de ynwenners fan Súdwest-Drinte nóch in bytsje gelokkiger binne as de Noard-Friezen, mar dat giet ek mar oer 0,3 prosintpunt en mei it gemiddelde oer de provinsje giet dy winst wer nei Fryslân.

Peter Hein van Mulligen, haadekonoom by it CBS, sei dat it wat paradoksaal is dat Friezen sa gelokkich binne. Want út earder ûndersyk die bliken dat minsken mei in leger ynkommen meastentiids wat ûngelokkiger binne, en de ynkommens yn Fryslân binne leger. Mar it CBS hat in oare ferklearring foar dat Friezen sa gelokkich binne, opskreaun yn it ûndersyksrapport sels. Nammentlik: 'In Friesland en Drenthe wonen gemiddeld minder mensen met een migratieachtergrond dan in de rest van Nederland.'

En minsken mei in migraasje-eftergrûn binne faak minder gelokkich as minsken mei in Nederlânske eftergrûn. Ek dat ha se earder ûndersocht, mar it is gjin merakel fansels, as je it ien en oar meimakke ha yn bygelyks Syrië. Dit sil troch guon fêst útlein wurde as bewiis foar dat we 'se' hjir net ha moatte. Fryslân is der blykber al hiel goed yn om migranten bûten de doar te hâlden. En dus yn feite se fuort te drukken nei oare provinsjes.

Der kaam fan 'e wike noch in oar ûndersyk út, dien troch I&O Research, en dêr moast ik dochs even oan tinke yn dit kader. Dat giet nammentlik oer of de Pyt fan it Sinteklaasfeest swart bliuwe moat of net. Ut dat ûndersyk die bliken dat op it stuit noch mar 39 prosint fan de Nederlanners fynt dat de pytfiguer 'swart' bliuwe moat. De rest akseptearret de feroaring, of wol sels hielendal fan de pytfiguer ôf yn it bernefeest.

Fjouwer jier lyn wie dat persintaazje noch 65. Hjir is in grutte feroaring oan 'e hân. Mar net yn Fryslân. Ofrûne simmer hat de Ljouwerter Krante in ûndersyk útfiere litten, dêr't út kaam dat 55 prosint fan de Friezen wol dat de pytfiguer 'swart' bliuwt.

Ik ha it ôfrûne wykein podcastles jûn op in skoalle yn Amsterdam Zuid-Oost. De Bijlmer, yndied. Ik hie sa'n tweintich jonge kopkes foar my, foaral fan kleur. Dat wie hiel ferfrissend. En wat wiene se entûsjast, oer dit jonge medium dêr't ik se oer fertelde. In medium wêrmei't je je eigen stim heare litte kinne. Se woene der alles oer witte, en wiene net mear te hâlden doe't ik se holp om harren earste eigen show op te nimmen. Ik waard bliid fan de gelokkige yndruk dy't se makken. Ik krige nei ôfrin in kaartsje mei in betankje, dêr't in pûdsje mei blomsied oan fêstmakke wie: 'een zaadje is geplant', stie derop. Ik hie de triennen suver yn 'e eagen.

Dy bern wenje yn datselde Amsterdam as dêr't in Fryske frou yn it berjocht oer dat Friezen sa gelokkich binne oer sei dat se der absolút net hinne woe. Prima fansels, mar as ik dit alles no even besjoch, tink ik al: it soe Friezen al siere as se wat minder selsrjochtfeardich wêze soene. Miskien moatte Friezen harren dochs ris ôffreegje oft it net wat mear solidêr mei de rest fan Nederlân wêze kin.

Der giet eigentlik gjin jier foarby, of der is wol in ûndersyk dêr't út bliken docht dat Friezen o sa gelokkich binne. It deiblêd, de Ljouwerter en de Omrop berjochtsje der alle kearen oer. Tryater starte dizze simmer sels mei in fjouwerjierrich projekt oer it gelok fan de Friezen. Mar binne wite, autochtoane Friezen wol echt gelokkiger as de oare wite, autochtoane Nederlanners?

De rest fan Nederlân hat al flechtlingen opfongen, en hat dêrtroch legere gemiddelde sifers - op minimale prosintpunten. Dat jout al in wat oar byld fan Friezen. En om Fryslân wat mear wolkommend te meitsjen, soe it bygelyks in goede saak wêze as de pytfiguer yn ús hiele provinsje net mear swart is. Se stie der net echt fraai op, trije jier lyn op de A7.

No sa. Der binne hast gjin Fryske hierren mear dêr't ik no net tsjinyn strutsen ha. It is mar goed dat Friezen sa gelokkich binne."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)