Dosint frustrearre oer online lesjaan: 'Hoe langer het duurt, hoe zwaarder het wordt'

03 des 2020 - 07:40

Ferplichte mûlkapkes, minne skoalprestaasjes en learlingen dy't der trochhinne sitte. It ûnderwiis yn coronatiid wurdt der net makliker op. In soad dosinten sizze wurch te wêzen en kinne net wachtsje oant se wer 'gewoan' lesjaan kinne. Foar dosint Nederlânsk Conrad Berghoef fan ROC Friese Poort yn Drachten wie woansdei de maat efkes fol.

Laptop - Foto: Shutterstock.com

Op Twitter dielde hy dat de online lessen sa no en dan in drama binne: 'Klas reageert weer niet. Camera's massaal uit. Het lukt me niet. Het voelt alsof ik me wentel in zelfmedelijden. Ik kap ermee'. "Ik gebruikte sociale media even als lerarenkamer", ljochtet Berghoef ta. Dat plak mist er no't er syn kollega's hast net mear fysyk sjocht. "Je deelt je zorgen altijd even in de docentenkamer en dan ben je er wel weer klaar mee, maar dat mis je nu."

Doe't de online lessen oan it begjin fan de lockdown begûnen, wie it efkes flink sykjen nei hoe't it goed wurke. Mar Berghoef wie der nei in pear wiken alwer klear mei. "Ik dacht: dit moet toch beter gaan? Je moet er ritme en souplesse in krijgen. Maar naarmate het langer duurt, vind ik het echt zwaarder worden. Het is gewoon echt heel anders dan fysiek lesgeven."

Learlingen hawwe it dreech

Wat Berghoef it measte oan it hert giet, is dat hy sjocht dat learlingen it ek dreech hawwe. "Ik maak me er steeds meer zorgen over hoe dit jongeren qua mentale gezondheid treft." Benammen it gebrek oan perspektyf en de útsichtleazens en de grutte hoemannichte ynformaasje dy't se oer harren hinne krije, spilet harren parten. "Ik kan me voorstellen dat je daar als jongere ontzettend onrustig van wordt."

Sa no en dan sjocht Berghoef learlingen foar de kamera dy't der futleas of sels ûngelokkich útsjogge. Dêr skrikt de dosint bot fan. "Dat raakt me. De lockdown hakt er gruwelijk hard in bij sommige jongeren..."

Skoalle is mear as kennisoerdracht

It kabinet nimt op 8 desimber in beslút oft de skoallen in wike langer ticht bliuwe moatte yn de krystfakânsje om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean. As dat doeltreffend is, fynt Berghoef dat net in ferkeard beslút. "Maar bedenk wel dat het behoorlijk ingrijpend kan zijn voor een grote categorie jongeren." Skoalle is neffens him mear as kennisoerdracht. "Op school kun je even vergeten wat er speelt en kunnen jongeren elkaar ontmoeten. Het is geen makkelijke beslissing. "

Dosint Conrad Berghoef fertelt oer syn frustraasjes

(Advertinsje)
(Advertinsje)