Opnij oanriding foar stasjon Ljouwert: krekt op jûn dat ried der oer praat

02 des 2020 - 22:52

Woansdeitejûn is der op 'e nij in persoan oanriden troch in auto op it Stationsplein yn Ljouwert. It giet om in fytser dy't fallen is en nei it sikehûs moast. It is net de earste kear dat der ien oanriden wurdt op it plein foar it treinstasjon. It ûngelok barde krekt op de jûn dat der yn de gemeenteried fan Ljouwert praat is oer de ferkearssituaasje.

Foto: CAMJO media

It is de safolste kear der der in oanriding is op it plein. Sûnt de nije ynrjochting diele auto's, fytsers en kuierders it 'shared-space'-gebiet. Der binne al blombakken fuortelle om mear oersjoch foarinoar te krijen.

Yn de gemeenteried hawwe ûnder oare Lijst058 en GrienLinks de situaasje op it Stationsplein nei foaren brocht. De gemeente sil yn 2021 maatregels nimme, bygelyks in oanpassing fan it oerstekplak foar fytsers. It kolleezje wol earst de effekten fan dizze maatregels ôfwachtsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)