Stichting De Fryske Mole 50 jier: mûnen yn it ljocht mei de krystdagen

02 des 2020 - 21:42

Stichting De Fryske Mole bestiet op 28 desimber 50 jier. Fanwege it jubileum is der in spesjale útjefte fan it mûneblêd De Utskoat makke, mei alle 42 mûnen fan de stichting. "It behâld fan de mûnen is allinne mooglik trochdat wy der mei-inoar grutsk op binne," seit foarsitter Wiepke Schukken. Dêrom is de stichting al 50 jier yn 't spier foar mûnen.

Stichting De Fryske Mole 50 jier

Deputearre Klaas Fokkinga hat by mûne De Hond yn Peazens it earste eksimplaar krigen fan haadredakteur Gerben Wijnja, mei makke yn gearwurking mei oplieder Gild Fryske Mounders. Eins wie der in oar jubileumprogramma betocht, mar fanwegen it coronafirus rint it allegearre wat oars.

Ferljochte mei de krystdagen

Yn stee fan it iepen stellen fan de mûnen foar it publyk wurde no in tal mûnen letterlik en figuerlik yn it ljocht set. Hokker mûnen yn it krystwykein ferljochte binne, is te finen op de webside fan de stichting.

Foto: Stichting De Fryske Mole

De Fryske Mole hat 42 mûnen en in mûneromp yn besit. Dat giet fan grutte poldermûnen oant lytse spinnekopkes en tsjaskers. Oardel iuw lyn stiene der yn Fryslân sa'n 2.400 mûnen, dêr binne der noch sa'n 130 fan oer. Dêrom is it fan grutte wearde om de noch besteande mûnen te bewarjen foar de takomst. De stichting wurket mei sa'n 70 frijwilligers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)