Skoalle De Wingerd yn Damwâld ticht fanwege corona by learlingen en personiel

02 des 2020 - 21:03

Skoalle foar spesjaal ûnderwiis De Wingerd yn Damwâld is ticht om't trije personielsleden en sân learlingen it coronafirus ha. Dêrneist binne sechtjin meiwurkers yn karantêne.

De Wingerd yn Damwâld - Foto: Omrop Fryslân

Yn oerlis mei de GGD, de MR en it kolleezje fan bestjoer fan SO Fryslân is besletten om beide ôfdielingen, spesjaal en fuortset spesjaal ûnderwiis, fan De Wingerd dizze wike te sluten. Ynterim-direkteur Eelke Hoekstra: "Wy ha gjin idee wêr't de besmettingen weikomme. De GGD is drok dwaande mei in boarne- en kontaktûndersyk."

No't de skoalle tydlik tichtgiet, ferrint it kontakt mei de learlingen en âlden op in oare wize. "Wy ha ôfpraat mei ús learkrêften dat sy safolle mooglik kontakt opnimme mei ús learlingen. En ek in foarm fan thúsûnderwiis oanbiede yn de foarm fan online lessen en ek op oare manieren online te wêzen", leit Hoekstra út. Neffens him sil it net tafalle foar de learlingen dat de skoalle ticht is. "Just dizze bern hawwe de struktuer fan skoalle nedich en dat wurdt op dizze wize ferstoard."

It skoalbestjoer hâldt goed yn de gaten hoe't it no fierder moat. "Der binne ferskillende kollega's test. Oant no ta gelokkich allegear negatyf. Wy hoopje dat dit sa fierder giet en oerlizze mei de GGD wannear't wy wer iepen kinne."

Ynterim-direkteur Eelke Hoekstra fan De Wingerd yn Damwâld

(Advertinsje)
(Advertinsje)