"Byld foar Joadske twilling moat in better plak krije yn Ljouwert"

It byld foar de Joadske twilling Roosje en Betje Cohen yn Ljouwert moat in better plak krije. Troch de rekonstruksje fan de spoaroergong by De Skrâns is it byld ferpleatst en dat fine in soad Ljouwerters mar neat.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It byld stiet no midden op de Hollanderdijk, fytsers en auto's ride der ticht om hinne, "De measte minsken sjogge it net iens, it ferkear raast der om hinne en Roosje sit efter in lantearnepeal. Ik fyn it freeslik. Dit moat oars," seit de 67-jierrige Ria Pool dy't sels Joadsk is. Sy hat yntusken by de gemeente Ljouwert oan de bel lutsen.

Dochters fan de skuonpoetser

It byld is yn 1988 makke troch Karianne Krabbendam foar Roosje en Betje Cohen, dy't berne waarden yn 1881 en opgroeiden yn de Joadske wyk yn Ljouwert. Sy wiene dochters fan Salomon Cohen, de skuonpoetser by it NS-stasjon. Roosje en Betje wiene geregeld op de feemerk te finen. Roosje naam dan har hanneltsje mei, meastentiids twa grutte kuorren mei mangels yn in bernewein.

"Wy wurde wer weistoppe"

Roosje en Betje Cohen oerlibben de oarloch om't sy beiden trouden mei net-Joadske sigarehannelers. Dizze skiednis mei nea fergetten wurden, seit Pool. "It byld stie sa moai ûnder de beammen mei in bankje der by neist it spoar. Dit rekket my bot. Benammen om't ik sels Joadsk bin. Myn mem hat al safolle meimakke en dan fielt dit net goed: wy wurde wer weistoppe."
Sy doelt op de Joadske mienskip yn Ljouwert dêr't nei oarloch mar in lyts part fan oerbleaun is. Fan de hast 700 Ljouwerter Joaden binne der 542 fermoarde. Foar dizze slachtoffers komt yn Ljouwert in nammemonumint. Dat wurdt op 4 maaie ûntbleate.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Pool krijt in soat stipe op sosjale media. In soad minsken begripe net dat it byld der no sa by stiet. "Wat belachelijk weer dit. Zet haar aub op een mooi plekje met een bankje. Dit is een schande," skriuwt Marianka Solarz.

Gemeente goedwillich

Ria Pool soe graach it byld werom sjen by it stasjon dêr't Roosje 65 jier lang te finen wie. De gemeente Ljouwert lûkt har de krityk oan en sil sjen wat der mooglik is. "We gaan in overleg met de kunstenares mevrouw Krabbendam om te kijken of er een andere geschikte plek voor dit beeld is waar het beter tot zijn recht komt. Of we kijken of de lantaarnpaal verplaatst kan worden."
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust yn Ljouwert
Wethâlder Friso Douwstra fan de gemeente Ljouwert