CNV hat noed oer faksinaasje-ambysjes: "Te let begûn mei grutte opjefte"

It fakbûn CNV is benaud dat it noch net slagget om rap útein te setten mei faksinaasjes tsjin it coronafirus. Foarsitter Piet Fortuin: "It is in soarte militêre operaasje dy't je delsette moatte, dêr moatte je op tiid mei begjinne. As it wier is wat de minister seit, dan leit der in grutte opjefte. Miljoenen Nederlanners moatte in faksin krije, wylst der noch gjin plan foar is."
© Omrop Fryslân
De kwetsberen, alderein en soarchpersoniel soene neffens de plannen fan it kabinet nei 4 jannewaris as earste faksinearre wurde moatte. Dêr kin Fortuin him wol yn fine. "As je in folchoarder delsette is it altyd in ferkearde. It hinget ek mar fan de kapasiteit ôf. Dêr giet ús krityk mear oer. Wy sjogge yn oare lannen dat sy drok binne mei it ynrjochtsjen fan faksinaasjestrjitten, it ombouwen fan teststrjitten en it ynrjochtsjen fan sporthallen. Yn Nederlân is dêr noch net in plan foar."

Noed oer de plannen

Foarsitter Fortuin jout oan alle dagen berjochten te krijen fan minsken dy't noed hawwe oer de plannen. "It falt op hoefolle berjochtjes ik krij fan húsdokters en minsken út de sûnenssoarch dy't sizze: jimme hawwe in punt, want wy witte op dit stuit noch hielendal neat. Wy binne der noch net klear foar. It is hiel wat oars as in gewoane grypprik. It giet om gruttere oantallen en it moat by -80 graden bewarre bliuwe. Dy ynfrakstruktuer hawwe wy noch hielendal net."

"Nederlân rint efteroan"

En dêrtroch ûntstiet der in soad ekonomyske en sosjale skea. "Eltse wike langer wachtsje betsjut ek wer dat minsken posityf teste, yn karantêne moatte en net oan it wurk kinne. Wy hawwe der ek by testen yn it ferline efteroan rûn yn ferliking mei oare lannen. Wy hawwe in minne trackrecord. Nederlân moat der eltse kear kapasiteit by keapje," seit Fortuin.
Piet Fortuin fan it fakbûn CNV