ELP Smellingerlân bliuwt tsjin belestingferheging om gat yn begrutting te foljen

02 des 2020 - 19:36

De Eerste Lokale Partij yn Smellingerlân bliuwt tsjin in ferheging fan de belestingen, ek al hat de provinsje de begrutting ôfkard. Dat seit fraksjefoarsitter Yntze de Vries. De ELP wie earder ien fan de partijen dy't de begrutting oanpasse liet, tsjin it advys fan de wethâlder yn.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Smellingerlân moat in gat fan 85.000 euro op in begrutting fan 200 miljoen folje, oars komt de gemeente ûnder finansjeel tafersjoch fan provinsje. Neffens De Vries moat it slagje om de begrutting rûn te krijen, mar sûnder ferheging fan de belesting.

"We ha de wethâlder frege om mei senario's te kommen, dêr't wy as ried oer debattearje kinne. Hooplik allegear mei ús folle ferstân, yn it belang fan Smellingerlân", seit De Vries. "No, 31 folwoeksen minsken soene dat gat dochs wol tichtmeitsje kinne, sûnder dat wy op foarhân al de maklikste wei kieze om de belesting te ferheegjen?

Wethâlder Felix van Beek hie al foarsjoen dat de provinsje de begrutting ôfkarre soe. Hy woe de belestingen ferheegje. De ELP, de VVD en it CDA woene 3 miljoen besunigje op it sosjaal domein en 1 miljoen op de eigen organisaasje, mar neffens de provinsje is net goed omskreaun hoe't de gemeente dat dan dwaan moat. De artikel 12-status driget, wêrby't de gemeente in diel fan de finansjele selsstannigens ynleveret. Mar Smellingerlân krijt noch ien kâns om wol in goede begrutting yn te leverjen.

Fraksjefoarsitter Yntze de Vries fan de ELP

(Advertinsje)
(Advertinsje)