Hûs oan de 3e Woudstraat yn Snits sletten fanwege himpkwekerij

02 des 2020 - 18:50

Op lêst fan boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân is der woansdei in drugswente oan de 3e Woudstraat yn Snits sletten. Nei in ynfal fan de plysje die bliken dat der in himpkwekerij yn it pân siet mei 210 himpplanten.

De 3e Woudstraat yn Snits - Foto: Google Street View

De plysje hie anonime meldingen krigen fan de himpkwekerij. It die bliken dat der ek yn drugs hannele waard. De wente is foar trije moannen sletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)