Fytster ferwûne by ûngelok oan de de Gedempte Vaart yn Surhústerfean

Oan de Gedempte Vaart yn Surhústerfean hat woansdeitemiddei in botsing west tusken in auto en in frou op in fyts. By it ûngelok foel de frou en dêrtroch rekke sy slim ferwûne.
© De Vries Media
It slachtoffer is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Der is net bekend makke hoe slim de ferwûningen krekt binne. De skea oan de auto foel ta, de bestjoerder koe fierder ride nei't de plysje it ûngelok yn kaart brocht hie.