Arrestaasjeteam hâldt betize man oan yn Ljouwert dy't foar kommoasje soarge

In arrestaasjeteam fan de plysje hat woansdei oan de ein fan de middei in betize man oermastere yn in flat oan de Eikenstraat yn Ljouwert. De man wie oan it razen op de sechde etaazje, hy soarge foar in soad kommoasje en drige himsels of syn omjouwing wat oan te dwaan.
© Kappers Media
Fanwege de oanhâlding hat de plysje in part fan de Eikenstraat ôfsletten. Der wie ek in ambulânse op it plak. Dat der in spesjaal arrestaasjeteam ynskeakele is, hat te krijen mei it ûnfoarsisbere hâlden en dragen fan de man. De man rekke by de oanhâlding ferwûne en is nei it sikehûs brocht.