Ynbrekker dy't yn Ljouwert op in dak pakt waard krijt healjier selstraf

In 41-jierrige Belgyske ynbrekker hat woansdei by de rjochtbank yn Ljouwert in selstraf krigen fan in healjier. Yn augustus en septimber bruts hy yn by fiif kafees yn Ljouwert. Hy rûn tsjin de lampe oan doe't hy besocht binnen te kommen by in kafee yn de Kleine Kerkstraat.
De Kleine Kerkstraat yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De eigener fan it kafee hearde wat op it dak en warskôge de plysje. Dy moast de ynbrekker mei in heechwurker fan it dak ôf helje.
De man hie by de fjouwer oare kafees guod meinaam lykas telefyzjes en jild út kassa's en gokkasten. Hy hat dêrby in soad skea oanrjochte. By de rjochter sei de Belch dat hy ûnder ynfloed wie fan drank en drugs doe't hy oan it ynbrekken wie. De man krijt net allinnich seis moannen sel, hy moat ek de skea fergoedzje.