Ald-Snitser moat 30 jier de finzenis yn op Malta foar moard op eks-freondinne

Ald-Snitser Jelle R. is op Malta feroardiele ta 30 jier sel foar de dea fan syn Nederlânske eks-freondinne. Hy hat tajûn dat er de dieder is fan de moard.
Justysje © Shutterstock.com
It slachtoffer waard yn augustus 2018 dea fûn by har appartemint op Malta. Se wie slim mishannele en har kiel wie trochsnijd. Jelle R. kaam al gau yn byld as fertochte, omdat op kamerabylden te sjen wie dat er yn de buert fan it appartemint in mes weismiet.
De âld-Snitser hie foar de moard libbenslang krije kinnen, mar hy hat in deal slute kinnen mei de oanklagers.
Jelle R. en syn freondinne wurken earder foar itselde bedriuw iGaming. Se hiene twa jier lang in relaasje. It motyf foar de moard soe west hawwe dat Jelle R. net hawwe koe dat it útrekke wie.