Bernedokters: gjin ferlinging krystfakânsje, bern moatte nei skoalle ta

It kabinet moat bern net noch in wike krystfakânsje jaan mei thúsûnderwiis. Dêrta roppe bernedokters op. It RIVM ûndersiket op it stuit de effekten fan in ekstra lange krystfakânsje. Neffens bernedokter Brita de Jong-Van Kempen fan sikehûs MCL yn Ljouwert is it sluten fan skoallen in lêste rêdmiddel, en moatte folwoeksenen harren ferantwurdlikens nimme.
Lokaal fan De Eestroom yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Bernedokters fan it platform Dokters voor Kinderen binne der dúdlik oer: de bern moate gewoan nei skoalle ta. Se dogge dêrom in oprop oan it kabinet om de krystfakânsje net te ferlingjen. De Jong-Van Kempen: "We moeten dat pas als laatste redmiddel inzetten. We moeten het niet gaan omdraaien. Als het effect heeft, gaan we de scholen vaker dichtgooien en dat is niet in het belang van het kind."

Alden oan set

De âlden binne no oan set, sa sizze de bernedokters. Yn de hjerstfakânsje namen de besmettingen ôf om't âlden besleaten thús te bliuwen. "Afgelopen vrijdag, op Black Friday, was er enorme drukte in de stad. Het moet niet zo zijn dat we de scholen sluiten, zodat ouders thuisblijven, want dan draaien we de situatie om", fynt De Jong-Van Kempen.
Neffens de bernedokters moatte de skoallen iepenbliuwe fanwegen harren wichtige maatskiplike rol. "School is meer dan alleen onderwijs. Je leert je er ontwikkelen, school biedt structuur en veiligheid. Dat mogen we ze niet zomaar afnemen", seit De Jong-Van Kempen. Ut ûndersyk yn de earste coronaweach die dêrneist bliken dat it sluten fan de skoallen in soad negative gefolgen hat foar de fysike en mentale sûnens. "Het mag niet zo zijn dat het onderwijs een soort knop wordt waar we aan gaan draaien als we de besmettingscijfers omlaag willen brengen."

Aldere bern

Dêr komt by dat der benammen besmettingen fêststeld wurde ûnder âldere bern. "In de bovenbouw zien we dat de besmettingen toenemen", seit De Jong-Van Kempen. Se fynt it dêrom net logysk dat alle skoallen sletten wurde. It RIVM ûndersiket no hoe grutte rol oft âldere bern spylje yn de fersprieding fan it coronafirus.
Neffens De Jong-Van Kempen kinne de skoallen sels ek noch mear ynsette op it foarkommen fan besmettingen, bygelyks troch ôfstân te hâlden en mûlkapkes te dragen. "Er zijn nog zoveel stappen te zetten."
It kabinet komt op 8 desimber mei in beslissing. "Wij hopen dat ze onze oproep serieus nemen", beslút De Jong-Van Kempen.
Bernedokter Brita de Jong-Van Kempen