Stichting sjocht nije kânsen yn striid tsjin wynpark Nij Hiddum-Houw

Stichting Hou Friesland Mooi sjocht nije kânsen yn de striid tsjin wynmûnepark Nij Hiddum-Houw. Dêr wurde de kommende tiid njoggen grutte wynmûnen boud. De stichting hie Deputearre Steaten frege it plan yn te lûken, mar dat is ôfwiisd. En krekt dy ôfwizing makket Albert Koers fan Hou Friesland Mooi gelokkich, want dêr kin er mei fierder.
Stifting Hou Friesland Mooi sjocht nije kânsen yn striid tsjin wynmûnepark Nij Hiddum-Houw
"Het is eigenlijk precies wat we verwachten dat er zou gebeuren", seit Koers. "De vergunning is onherroepelijk en dus gaat de provincie het plan niet intrekken. En dat is juist wat we nodig hebben."

Wer nei Ried fan Steat

Dat freget om útlis: Koers wol opnij nei de Ried fan Steat om de beslútfoarming oan te fjochtsjen. Dêrfoar hat er in ôfwizing fan in oerheid nedich, want tsjin dy ôfwizing kin dan wer beswier makke wurde.
It giet net allinnich om Nij Hiddum-Houw. Koers: "Ik heb hetzelfde gedaan bij Wynpark Fryslân in het IJsselmeer. Bij de gemeente Súdwest-Fryslân en het ministerie."

Europeeske regels

Koers wol sa dúdlik krije oft alle fergunnings wol neffens de wet ôfjûn binne. Binnen Europa binne foarbylden wêrby't it Europeeske Hôf de oerheden op de fingers tikke hat as it giet om de fergunnings. It giet dan om twa saken yn België.
"Daar werd ook de vraag gesteld of de wettelijke regelingen wel op de juiste manier tot stand zijn gekomen. Het Hof oordeelde dat er een Milieu Effect Rapportage (MER) plaats heeft moeten vinden in het zogenaamde activiteitenbesluit. Daar staat in wat wel en niet mag als het gaat om bijvoorbeeld geluid. Maar die MER is daar niet gedaan. Dat geldt hier ook."
© Omrop Fryslân
Koers wol no foar iens en altyd helder krije oft de wetjouwing dy't hjir makke is, wol oerienkomt mei it Europeeske rjocht. "Het gaat dan niet alleen om dat activiteitenbesluit, maar ook om de omgevingsvergunning. Die gaat nog een rol spelen en daar geldt ook voor dat er geen MER voor nodig is."

Oanspraaklikheid en skeafergoeding

De bou fan de wynparken giet ûnderwilens troch. Dat is net mear op te kearen. De fraach is wat Hou Friesland Mooi berikke wol. "Het is een juridisch lange weg, zeker nu de vergunningen onherroepelijk zijn. Maar stel we krijgen gelijk, dan kunnen we de provincie Fryslân aansprakelijk stellen en een schadevergoeding vragen."