Ljouwerter hoarekaûndernimmers wolle op 17 jannewaris wer iepen, ek al mei it net

02 des 2020 - 15:53

Hoarekaûndernimmers yn Ljouwert en sa'n fyftich oare plakken yn Nederlân wolle op 17 jannewaris de doarren wer iepenje, ek as dat net mei. Neffens de ûndernimmers "is de maat nu echt vol". Se sizze it fertrouwen yn it kabinet op, omdat se op omfallen stean en stipe fan de oerheid útbliuwt.

Hoarekaprotest

Yn de earste lockdown yn maart moasten hoarekasaken al ticht en yn de simmer mochten se beheind iepen. Sûnt heal oktober moasten se opnij de doarren slute, wylst se der neffens eigen sizzen alles oan dien hiene om coronaproof iepen bliuwe te kinnen. "Het is vele ondernemers een doorn in het oog dat ze geen enkele vorm van perspectief krijgen vanuit de overheid. Al maanden niet", seit Jan Vos, ien fan de inisjatyfnimmers fan de aksje.

It kabinet seit yn petear te bliuwen mei de hoarekabrânsj oer de coronamaatregels en stipepakketten. Op 8 desimber nimt it kabinet de earste besluten oer de kommende perioade. Mar ek dêrnei en foar 17 jannewaris sil der noch in tal beslissingen falle, seit in wurdfierder fan it kabinet. Dêrby is alles ôfhinklik fan de ûntwikkelingen fan it coronafirus.

Hoareka yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Neffens foarsitter Ton Eijer fan de ôfdieling Ljouwert fan Koninklijke Horeca Nederland ha de ûndernimmers it dreech mei de ûnwissichheid. "Wy wolle graach perspektyf ha en witte wêr't we oan ta binne. We wolle in datum ha, wy misse it perspektyf. Der binne net genôch dingen regele foar ús en de fergoedingen binne net heech genôch. Hûndert prosint ticht is hûndert prosint fergoeding, fine wy."

Foarsitter Ton Eijer fan de ôfdieling Ljouwert fan Koninklijke Horeca Nederland

Wat fine de minsken op strjitte yn Ljouwert fan de protestaksje fan de hoareka?

(Advertinsje)
(Advertinsje)