Costa del Harns: algeskerm moat strân skjinhâlde

02 des 2020 - 15:49

De winsk leit der al jierren yn Harns: swimme by it strân oan de Westerseedyk. Mar troch algen wurdt it strân sa smoarch dat der gjin begjinnen oan is. Mei 7 ton subsydzje fan it Waadfûns, de provinsje en de gemeente Harns moat der no in oplossing komme. De gemeente sil in spesjaal algeskerm yn de see oanlizze.

Algenskerm Harns

It algeskerm komt fan it strân ôf oer in ôfstân fan 150 meter de see yn te lizzen. Der komt in soarte fan seef ûnder, wêrmei't de algen filtere wurde.

"Het wordt een drijvend ponton vanaf de strandtent," seit projektmanager Jos Dijcker. "Daaronder worden de algenschermen opgehangen."

Neffens Dijcker soarget it ponton net foar hoarizonfersmoarging. "Verderop in zee zien mensen nog een luchtkussen liggen waar de algen aan bevestigd zijn, maar voor de rest zie je er niks van."

Foto: Gemeente Harns

Al jierren in drama

Wat no wol te sjen is yn Harns, is de grutte blabberige slykboel op it strân. "Je staat er soms tot aan je enkels in," seit wethâlder Erik de Groot. "Dat is een drama. We willen hier een mooi strand maken, dat in ieder geval schoon is."

De Groot is lykwols net de earste mei dizze winsk. It probleem bestiet al jierren. Yn 2016 makke Omrop Fryslân al earder in reportaazje oer de blabze by Harns. Sjoch dy reportaazje hjir werom. De fraach is dêrom ek oft dit algeskerm echt helpe sil.

"Een pilot doe je om te kijken of het idee dat je hebt, ook in de praktijk gaat werken," seit De Groot. "Natuurlijk ben ik vol goede moed, de realiteit van een pilot is dat je bekijkt of jouw idee functioneert. Ik heb goede hoop dat het filteren een meerwaarde is voor een schoner strand." Yn july set de proef útein en sille de skermen yn see set wurde.

It strân fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort op it strân fan Harns

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Trefwurden: 
Harns strân algen
(Advertinsje)
(Advertinsje)