RIVM: 89 nije coronabesmettings; fiif persoanen ferstoarn

02 des 2020 - 14:34

Der binne de ôfrûne 24 oeren 89 nije coronabesmettingen fêststeld yn Fryslân. Dat binne der like folle as tiisdei, doe wiene it der ek 89. Der binne yn it ôfrûne etmiel fiif persoanen ferstoarn oan de gefolgen fan it coronafirus.

It deistige tal besmettingen de ôfrûne trije wiken (sjochst de grafyk net goed, klik dan hjir):

De measte besmettingen binne de ôfrûne 24 oeren fêststeld yn Súdwest-Fryslân (28). Dêrnei yn Noardeast-Fryslân (11) en Ljouwert en De Fryske Marren (beide 8). Der is yn it ôfrûne etmiel gjinien opnaam yn it sikehûs mei coronaferskynsels.

Yn sawol de gemeente Súdwest-Fryslân as Weststellingwerf binne twa persoanen ferstoarn oan it coronafirus. Ek yn Noardeast-Fryslân wie der yn de ôfrûne 24 oeren in coronastjergefal.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op ús dossierside.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)