Sluting suvelfabryk Dronryp nei 130 jier: "Dramatysk foar doarp en wurknimmers"

02 des 2020 - 14:14

De definitive sluting nei 130 jier fan it suvelfabryk yn Dronryp op 1 april 2022 komt as in tongerslach by heldere himel. "Dramatysk foar it doarp en foar de minsken dy't hjir oan it wurk binne, tryst", seit foarsitter Peter Tanghe fan Doarpsbelang Dronryp. Hy praat tiisdei mei wethâlder Caroline de Pee fan de gemeente Waadhoeke oer de saak.

Sluting suvelfabryk Dronryp nei 130 jier: "Dramatysk foar doarp en wurknimmers"

De foarnommen sluting is in grutte skok foar it doarp dêr't it fabryk sa'n lange histoarje hat, neffens Tanghe. "Sawat in jier ferlyn sieten wy hjir op in ynfojûn. Der soe in nije poeiertoer boud wurde. De fergunningen wiene al ôfjûn. In moaie takomst foar it fabryk soe it wurde. Dan komt dit nijs wol al in tongerslach by heldere himel."

Dramatysk

It wie Tanghe wol opfallen dat der net folle barde by it fabryk. "Gjin tariedings foar de bou fan de toer. Prosedueres, tochten we. Hat syn tiid nedich. Dat dit derút komme soe, hiene wy net ferwachte. Dit is dramatysk foar it doarp en foar de minsken dy't hjir oan it wurk binne. Tryst."

130 jier

It fabryk bestiet al 130 jier. "Foarhinne wie it dé wurkjouwer fan Dronryp. Yn de rin fan de jierren is dat wol wat minder wurden. Mar ek al komme de wurknimmers út oare doarpen, it is wol in grutte klap as sa'n fabryk ynienen ticht moat."

"Wy wisten dat der by FrieslandCampina fan alles oan de hân wie kwa besunigingen. Yn Gerkeskleaster en Wolvegea ferdwine ek arbeidsplakken. De provinsje Fryslân wurdt sa wol bot troffen."

Oerlis mei wethâlder

Tanghe hat fuortendaliks kontakt socht mei wethâlder Caroline de Pee dy't yn de gemeente Waadhoeke oer ekonomyske saken giet. Se prate oer wat de foarnommen sluting betsjut foar it doarp. "Hiel miskien kinne we der noch wol oan dwaan, We witte it net."

De liedingen by Dronryp - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ferslachjouwer Lars de Leeuw yn Dronryp

(Advertinsje)
(Advertinsje)