Fryske kranten definityf yn Belgyske hannen

It Belgyske Mediahuis sil definityf ûnder oare de Leeuwarder Courant en it Friesch Dagblad oernimme. Mediahuis krige ôfrûne moandei tastimming fan de Autoriteit Consument & Markt (ACM) foar it oernimmen fan de kranten fan NDC Mediagroep. Yntusken hat ek de ûndernimmingsried fan NDC in posityf advys jûn.
It terrein fan de NDC Mediagroep oan de Sixmastraat yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De nije situaasje betsjut dat Pier Baarsma ophâldt as algemien direkteur fan de NDC Mediagroep, dêr't er sûnt 2018 yn wurksum wie. Koos Boot komt as nije CEO oan it haad fan NDC Mediagroep te stean, tegearre mei de algemien direkteur fan no Evert van Dijk. Boot groeide op yn de provinsje Drinte en studearre yn Grins.
De oername fan NDC Mediagroep troch Mediahuis fersterket beide partijen, sa skriuwe se yn in ferklearring. Sa slút de geografyske dekking fan NDC goed oan by de oare aktiviteiten fan Mediahuis op de Nederlânske merk en foarmje de NDC-merken in ferriking foar it Mediahuis-portfolio.
Tagelyk stelt it oernimmen NDC Mediagroep yn steat om oan digitale en kommersjele slachkrêft te winnen. NDC wurke de ôfrûne jierren al bot oan de digitale feroaringen.