25 sollisitanten boargemasterskip gemeente Harns

02 des 2020 - 10:46

Der hawwe 25 minsken solisitearre op de fakatuere fan boargemaster fan Harns. Dat hat de gemeente woansdeitemoarn bekend makke. It giet om sechstjin manlju en njoggen froulju.

It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Acht fan harren binne tusken de 40 en 50 jier âld, tolve tusken de 50 en 60 jier en fiif binne âlder as 60 jier. Fan de 25 gadingmakkers binne der 23 lid fan in politike partij, twa kandidaten binne partijleas.

De boargemasterspost fan Harns komt yn maaie beskikber wannear't de amtstermyn fan de boargemaster dy't der no sit, Roel Sluiter, ôfrint. Sluiter wie mear as trije jier waarnimmend en seis jier kroanbeneamde boargemaster fan de havenstêd.

Proseduere

Kommissaris fan de Kening Arno Brok sil petearen fiere mei de kandidaten en in seleksje meitsje. De fertrouwenskommisje krijt alle sollisitaasjebrieven te sjen en praat mei de selektearre kandidaten.

Dêrnei bringt de kommisje ferslach út oan de gemeenteried, foarsjoen fan in konseptoanbefelling. De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean, en yn hokker folchoarder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)