Museum Joure wer iepen nei opknapbeurt: "It is wol hiel stil as wy ticht binne"

De musea mochten mids novimber wer iepen nei in corona-lockdown fan twa wiken. Dochs bleaune de doarren fan Museum Joure twa wiken langer ticht fanwege opknapwurk. By de yngong en it kofje- en teehûs binne nije paden oanlein, der is sfearferljochting oanlein en njonken it museum is de kade fernijd. It is noch net hielendal ôf, mar woansdei is it museum wer iepen.
De fernijde yngong fan Museum Joure op De Jouwer © Omrop Fryslân, Sian Wierda
It museum bestiet út tsien monumintale gebouwen, diels oan it wetter. De wâlskanten moasten opknapt wurde. "As it bot reinde, spielde it sân ûnder der strjitstiennen wei", fertelt Iris Nutma fan Museum Joure. It wurk is noch net hielendal dien, mar alle gebouwen binne no wer tagonklik foar publyk en it museum is coronafeilich.
De wâlskanten hearden foarhinne ta de iepenbiere dyk. Se binne fan de gemeente. Dy hat de fernijing ek betelle, dat it kostet it museum gjin jild. En it museum kin it jild wol brûke yn dizze coronatiid. Dit foarjier moasten se ek al ticht yn de moannen dat der oars altyd in soad toeristen komme. Yn de simmer wie it museum wol wer drokker besocht as oars, omdat in soad Nederlanners fakânsje hâlden yn eigen lân. De poerbêste simmer hat in soad goed makke, seit Iris Nutma.
Omdat novimber altyd in moanne is dat der net folle besikers komme, hawwe se by it museum besletten it opknapwurk dan mar te dwaan en dus langer ticht te bliuwen. Nutma is bliid dat se wer iepen binne: "Dêr binne wy foar. It is wol hiel stil as we ticht binne."
Iris Nutma