Ein oan molkpoeierproduksje Dronryp en Gerkeskleaster: 57 banen ferdwine

FrieslandCampina hâldt op mei de molkpoeierproduksje yn Dronryp en Gerkeskleaster. It fabryk yn Dronryp slút op 1 april 2022 de doarren. De waai- en molkpoeiertoer yn Gerkeskleaster wurdt mei yngong fan 15 jannewaris 2021 sletten. Gerkeskleaster giet noch wol troch mei it produsearjen fan oare produkten, lykas tsiis. Yn totaal ferdwine der 57 arbeidsplakken, wêrfan 51 yn Dronryp.
© Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
It beëinigjen fan de molkpoeierproduksje is ûnderdiel fan de reorganisaasje dy't FrieslandCampina ôfrûne moanne oankundige.
De poeiertoer yn Gerkeskleaster die tsjinst as needfoarsjenning foar de ferwurking fan molke yn it gefal fan in steuring op in oar plak yn it netwurk. De poeierprodukten dy't yn Dronryp produsearre wurde, binne foar tapassing yn bernefoeding, medyske foeding en sportfoeding. Dizze produkten sille no op oare produksjelokaasjes fan FrieslandCampina produsearre wurde.

Personiel

It beslút hat grutte gefolgen foar it personiel. Neffens presidint Herman Ermens fan FrieslandCampina binne der as gefolch fan de reorganisaasje gjin nije arbeidsplakken ûntstien yn oare festigingen fan it bedriuw. "Ik ben me ervan bewust dat dit besluit een grote impact heeft op betrokken medewerkers en we zullen hen uiteraard zo goed mogelijk begeleiden in dit proces"
Jan-Willem ter Averest, FrieslandCampina
Wat dy begelieding ynhâldt, fertelt Jan-Willem ter Avest fan FrieslandCampina: "We gaan samen met het personeel bekijken of er andere mogelijkheden zijn, binnen of buiten Friesland Campina. We zijn ook op andere plekken aan het bekijken of we overproductie kunnen weghalen uit het bedrijf. Dat betekent dat er niet altijd werk voor deze mensen zal zijn. Als dat wel het geval is, bekijken we of dat passend werk is."