Gewest Fryslân komt mei it alderearste coronaprotokol foar iisklups

02 des 2020 - 10:13

Gewest Fryslân fan it Koninklijke Nederlandsche Schaatsenrijders Bond hat, as earste yn Nederlân, in coronaprotokol opsteld foar iisklups. De ôfdieling fan it bûn krige hieltyd mear fragen fan de iisklups yn de provinsje en stelde dêrom in stappeplan fan 13 siden op mei regels, sadat de iisferienings witte wêr't se rekken mei hâlde moatte.

Coronaprotokol foar iisklups

Neffens Johannes de Vries fan Gewest Fryslân is der by de 210 Fryske iisklups in soad animo om iepen te gean. "De earste iisklups bellen al mei de fraach hoe't se it hawwe sille yn dizze tiid", fertelt De Vries. Gewest Fryslân gie dêrom om tafel om in stappeplan op te stellen. "As minsken har dêroan hâlde, kin eltsenien ride."

Ofstân hâlde

Wichtichst yn it stappeplan is dat der oardel meter ôfstân hâlden wurde kin. Dêrfoar hat Gewest Fryslân in maksimumoantal besikers fêststeld. Dêrneist wurde der minsken oansteld dy't tafersjoch hâlde dat minsken net te bot gearkloftsje. "Je moatte wol frij ride kinne. Sy moatte ek yn de gaten hâlde hoefolle minsken der nei de iisbaan ta komme en oft it net bomfol wurdt."

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

De bankjes foar it ûnderbinen of oandwaan fan de redens wurde ek op oardel meter ôfstân pleatst. "Dat wurdt ôfmerkt. Datsoarte dingen moatte je dochs allegear klear hawwe en stiet dêrom yn it protokol, mar dat is net dreech om te regeljen."

Jongerein

It stappeplan is der ek benammen op rjochte om jongerein waarm te meitsjen foar it reedriden op de iisbanen. "De skoallen moatte sa fluch mooglik mei de bern op it iis en in ienfâldige wedstriid organisearje, sadat se de smaak te pakken krije." Om't in soad foarsjennings no net iepen binne yn ferbân mei it coronafirus soe de iisbaan in goed alternatyf wêze foar de bern. De Vries: "Dat wolle wy stimulearje."

Dêrfoar moat der ek in alternatyf komme foar de sletten kantines. "No't de kantine sletten is, moat der in foarsjenning makke wurde foar 'koek-en-zopie'", leit De Vries út.

Der is ek in plan ûntwikkele foar wedstriiden op natueriis. Dy moatte ek trochgean, fynt De Vries, om't dêr de reedriidtoppers fan de takomst sichtber wurde en har ûntwikkelje kinne.

Johannes de Vries fan Gewest Fryslân

De iisbaan fan Grou - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Grou

De Vries seach woansdeitemoarn by de iisbaan fan Grou, dy't krekt ûnder wetter set wurdt en dêr't hy 50 jier lang foarsitter fan west hat. "Dat is it plaatsje dat we hawwe wolle, it begjin fan de winter!" Op de baan fan Grou kinne gewoanwei maklik sa'n 100 minsken rûntsjes ride. "It is in hiele grutte baan. Mar der binne ek iisbaantsjes dy't de helte lytser binne. Dy kinne ek út de fuotten mei it stappeplan, mar moatte wol skerper tafersjoch hâlde."

Flink stappeplan

De Vries tinkt dat de iisbaanbestjoeren der wol efkes foar sitte moatte om it protokol troch te nimmen. "Der stiet hiel wat yn, mar it kin net oars. We wolle graach wer it iis op en dan moatte we der mei elkoar foar soargje dat we it foar inoar krije."

De iisklups hawwe oant no ta posityf reagearre op it feit dat der in protokol komt. Der hawwe noch gjin ferienings west dy't sizze it net sitten te sjen om iepen te gean. De Vries: "Saakkundigen sizze dat it protokol fantastysk yn elkoar stekt. Ik tink dat alle iisklups dernei snakke om wer iepen te gean, dus iepen dy boel!"

Ferslachjouwer Johanna Brinkman seach by de iisbaan fan Grou

(Advertinsje)
(Advertinsje)