Wetterskip heft twa gemalen op en bout nij sirkulêr gemaal yn Ljouwert

02 des 2020 - 09:30

Wetterskip Fryslân sil syn nije gemaal Kalverdijkje yn Ljouwert folslein sirkulêr bouwe. Dat hâldt yn dat ûnder oare grûnstoffen tûk brûkt wurde, wêrtroch't dy ûneinich opnij brûkt wurde kinne. It Wetterskip ferwachtet yn febrewaris 2021 fan start gean te kinnen mei de tarissende wurksumens. De echte bou set útein yn de simmer fan 2021.

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It Wetterskip heft de gemalen Schieringerweg en Tolhuis yn Ljouwert op en foeget de peilfakken fan de twa gemalen gear. Dêrtroch kin der ien nij fiskpassearber gemaal, it Kalverdijkje, boud wurde.

It Wetterskip daget oannimmers en yngenieursburo's út it earste folslein sirkulêre gemaal te bouwen. Mei de ynnovaasjes wol it wetterskip kennis opdwaan foar de bou fan takomstige bouwurken.

Sirkulêr

It wurdt it earste sirkulêre gemaal fan it wetterskip: by de bou wurde sa min mooglik nije grûnstoffen brûkt en wurdt de fersmoarging sa goed mooglik beheind. Dêrby wurdt der net allinnich nei de materialen sjoen, mar nei de folsleine keten: fan ûntwerp oant de bou en eksploitaasje fan it gebou.

Der wurdt safolle mooglik gebrûk makke fan natuerlike en opnij brûkbere boarnen. Einige boarnen wurde sa effisjint mooglik tapast. Brûkte materialen wurde by in eventuele sloop wer opnij brûkt.

Duorsumens

"Mei de bou fan in sirkulêr gemaal draacht Wetterskip Fryslân by oan in duorsume wrâld", seit Annet van der Hoek, lid fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. "De feroaring fan it klimaat hat in grutte ynfloed op de taken fan ús wetterskip. It seewetter komt heger te stean en troch ekstreme delslach moat mear wetter ôffierd wurde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)