GrienLinks yn Twadde Keamer: meitsje mear romte foar fytser op Ofslútdyk

02 des 2020 - 07:25

Troch de fertraging by de renovaasje fan de Ofslútdyk driigje fytsers en kuierders net trije, mar seis jier wachtsje te moatten om de dyk wer oerstekke te kinnen. Dat is fiersten te lang, fynt GrienLinks yn de Twadde Keamer. De partij hat in moasje yntsjinne om dochs te sykjen nei in oplossing.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Om't it fytspaad op dit stuit brûkt wurdt troch it wurkferkear is fytse oer de Ofslútdyk foarearst net mooglik. Salang't it wurk noch trochgiet, kinne fytsers wol gebrûk meitsje fan de spesjale fytsbus om de Ofslútdyk oer te gean. Mar dy opsje kin net op in soad entûsjasme fan fytsers rekkenje.

Minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat tasein dat se oerlizze sil mei it fytsersbûn oer de mooglikheid om parten fan it fytspaad wer te iepenjen, sadree't de dyk dêr klear is.

Konkreter plan

Twadde Keamerlid Laura Bromet fan GrienLinks hopet lykwols dat de minister mei in konkreter plan komt. "Het is heel treurig, het is de verbinding van Fryslân met de rest van Nederland en die is heel belangrijk. Ik vind het heel zuur voor de fietsers en de wandelaars dat ze nu in plaats van drie jaar zes jaar niet over de dijk dreigen te kunnen gaan."

De dyk wurdt yn 2023 oplevere en dan moat it ferkear der wer del kinne. Dat jildt lykwols net foar fuotgongers en fytsers. Bromet: "Van Nieuwenhuizen is een VVD-minister en die heeft misschien minder hart voor de fietser en de wandelaar en meer voor de automobilist." It Twadde Keamerlid ferwachtet lykwols reewilligens fan de minister. "Ze gaf ook al concrete suggesties."

Twadde Keamerlid Laura Bromet

(Advertinsje)
(Advertinsje)