UPDATE: Trijetal fêst foar stellerij nei plysjeachterfolging op De Jouwer

02 des 2020 - 11:56

De plysje hat tiisdeitenacht nei in achterfolging dy't begûn op 'e A6 by De Jouwer trije persoanen oanhâlden. It giet om in 32-jierrige en in 18-jierrige man fan Almere en in 37-jierrige man fan wa't it wenplak noch ûnbekend is. It trijetal wurdt fertocht fan it stellen fan in autobus en in motor.

Plysjehelikopter - Foto: Shutterstock.com

Krekt foar tolven jûns murk de plysje de autobus op. Doe't sy it kenteken kontrolearren, bliek de wein registrearre te stean as stellen. De plysje joech de bestjoerder op de A6 in folchteken om de wein en de ynsitters op in feilich plak te kontrolearjen. De bestjoerder fan de autobus hie lykwols oare plannen en drukte fuortendaalks it gaspedaal yn. De plysje sette dêrop de efterfolging yn.

Nei in koarte achterfolging sette de bestjoerder syn wein stil op de Eeltsjebaes op De Jouwer. De byrider, de 37-jierrige man fan Almere, koe fuort oanhâlden wurde. De bestjoerder naaide lykwols út.

Syktocht

Plysjeaginten, in speurhûn en in plysjehelikopter waarden ynsetten om de wyk út te kjimmen. Nei in oere waard de bestjoerder oantroffen yn in achtertún oan de Ulekamp op De Jouwer, dêr't hy him ferstoppe hie. Dizze man, de 32-jierrige ynwenner fan Almere, is oanhâlden en oerbrocht nei it sellekompleks yn Ljouwert.

In mooglike kompaan fan it twatal, in 18-jierrige ynwenner fan Almere, is ek oanhâlden.

Stellen

De autobus dêr't it trijetal yn ried, bliek stellen. Yn de wein troffen de aginten in motor oan. Ut ûndersyk docht bliken dat dy ek stellen is. Ek waard der noch in persoane-auto yn beslach naam.

De trije fertochten sitte fêst yn ôfwachting fan de útkomsten fan it fierdere ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)