'Ierappelboeren moatte net opoffere wurde foar mear romte Waadgebiet'

02 des 2020 - 06:13

Ierappelboeren yn it noarden fan Fryslân moatte net opoffere wurde oan de plannen om it Waadgebiet mear romte te jaan. Dat seit Twadde Keamerlid William Moorlag fan de Partij van de Arbeid. It draait allegearre om plannen foar de noardlike kust yn de 'Waadaginda.' Ien fan de foarstellen is om de grins tusken sâlt en swiet wetter 'minder hurd' te meitsjen. Mear sâlt wetter efter de seedyk dus.

Rispinge fan ierappels smyt minder op. Dit jier bygelyks wol 40 persint minder Wâldgieltsjes troch de drûchte. - Foto: Ronnie Porte

Boeren fan it Nederlandse Akkerbouw Vakbond en LTO binne dêr poer op tsjin. Moorlag fynt dat de polityk op syk moat nei de balâns. "Ik snap die bezorgdheid wel. De pootaardappelen uit Noord-Nederland zijn een topproduct. Die worden naar 70 verschillende landen geëxporteerd. Daar moeten we trots op zijn, aan de andere kant moeten we ook wat meer ruimte maken voor de natuur. Dat betekent dat die harde overgang tussen zoet water en zout water wat minder hard gemaakt moet worden", seit Moorlag.

Mar der is neffens Moorlag wol in betingst. "Dat moet wel op een verantwoorde manier gebeuren, zodat de landbouw niet met de vingers tussen de deur komt", sa seit hy.

Holwert oan See

"Ik denk dat je niet op alle plekken zout water binnen moet laten, maar op een aantal plekken wel", seit Moorlag. Hy neamt it projekt Holwert oan See as in goed foarbyld. "Een veelbelovend project, dat niet alleen goed is voor de natuur maar ook het toerisme, de recreatie en de leefbaarheid verbetert. Dat zijn projecten met veel waarde, daar moeten we het wel doen. Maar niet overal gaatjes in de dijk gaan prikken."

Moorlag tinkt dat de boeren en de polityk wol tichterby inoar komme kinne. "Ik denk dat we met ons land, met onze poldertraditie, het toch moet kunnen lukken om natuur en landbouw beter met elkaar te verenigen. Dat hoop ik echt vurig, want de boel is zo gepolariseerd in dit land. Dus als partijen goed om tafel gaan, dan moet er gewoon een goed plan uit komen", sa seit Moorlag.

VVD en CDA hawwe tiisdeitejûn in moasje yntsjinne. Sy wolle dat as der feroaringen by de Waadkust komme, dat der earst ûndersocht wurde moat wat de effekten op de bedriuwsfiering fan boeren yn de regio binne.

Keamerlid William Moorlag

(Advertinsje)
(Advertinsje)