Wittenskippers litte deade walfisk lizze op Rottumerplaat: "Unike kâns"

01 des 2020 - 22:40

Wittenskippers, natuer- en wetterbehearders sille bestudearje wat der yn de natuer bart as sa'n grut kadaver op natuerlike wize fergiet. De deade dwerchfinfisk spielde ferline wike woansdei oan op Rottumerplaat. Musea of ûndersyksynstellingen hiene gjin belangstelling foar it deade bist, sa seit Christiaan Kooistra fan Rykswettersteat.

Foto: The Fieldwork Company

"We litte it lizze om't it in unike lokaasje is op Rottumerplaat: der komme gjin minsken. It is sletten gebiet, dus kwa feiligens is der gjin gefaar. As der minsken komme binne dat ûndersikers of frijwilligers, waadwachters of fûgelwachters. Minsken mei ferstân fan saken. Dat kinne je kontrolearje. Kwa feiligens is it in unike kâns", seit Kooistra.

De dwerchfinfisk is mei in trekker fierder Rottumerplaats oplutsen, sadat der gjin gefaar is foar de skipfeart.

See-earn

"We wolle sjen oft der ek natuerwinst te beheljen is foar spesjale soarten of miskien gewoan miuwen. Hoe ûntwikkelet him dat? Dat wolle we graach witte. Dêrom ha we in hiel monitoaringsprogramma opset. Der hawwe ôfrûne wykein ûndersikers del west, dy hawwe kamera's ynstallearre. We binne hiel benijd wat der op ôf komt. It is ek ticht by it Lauwersmargebiet, dêr sit ek in see-earn. Sil dy der ek op ôf komme?", freget Kooistra him ôf.

De resultaten fan it ûndersyk wurde binnen in jier ferwachte.

Christian Kooistra fan Rykswettersteat

(Advertinsje)
(Advertinsje)