Minister Van Nieuwenhuizen: 'Net besunigje op Ofslútdyk no't renovaasje djoerder útfalt'

01 des 2020 - 22:10

Minister Cora van Nieuwenhuizen wol net besunigje op de renovaasje fan de Ofslútdyk, no't hy djoerder útfalt. Dat sei se tiisdei tsjin de Keamerkommisje. De bou en de renovaasje fan de spuislûzen duorret yn alle gefallen oant 2025 fanwege de oanfoljende easken oan de keunstwurken. Neffens berekkeningen soene de slûzen sa't se betocht wiene in situaasje fan leech wetter yn kombinaasje mei hege golven net goed oankinne.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

Op basis fan nije, ferbettere gegevens wurde de slûzen op syn minst 53 miljoen euro djoerder en duorret de oplevering in pear jier langer. "Ik had geweldig de pee in toen ik dat voor het eerst hoorde", sei minister Cora van Nieuwenhuizen tiisdei tsjin de Keamerkommisje. Dy wie kritysk oer de 'rekkenflaters' foar de nije Ofslútdyk.

"Als zoiets in het bedrijfsleven gebeurt, is het bedrijf weg", sei Twadde Keamerlid William Moorlog fan de PvdA. Jaco Geurts fan it CDA woe fan de minister wite hoe djoer de Ofslútdyk no krekt wurdt, mar de minister neamde gjin nij bedrach. "Het kan toch niet zo zijn, dat het een open einde regeling wordt?", sei de kristendemokraat.

'Net besunigje op útfiering'

Neffens minister Van Nieuwenhuizen rinne alle oare ûnderdielen fan de Ofslútdyk wol neffens skema. "De weg wordt gewoon in 2023 opgeleverd. Het verkeer moet dan alleen nog bij de sluizen rekening houden met oponthoud, maar kan verder gewoon doorrijden."

Moorlag fynt ek dat der net besunige wurde mei op de útfiering fan de Ofslútdyk, no't de spuislûzen djoerder wurde. "Het is een iconisch project, het enige infraproject van Nederland dat je in de ruimte kunt zien." De minister sei dat graach ta. "Iedereen moet volgens planning weer van de Afsluitdijk kunnen genieten, in de auto, wandelend of op de fiets."

Dat lêste is foarearst in probleem, omdat it fytspaad op dit stuit brûkt wurdt troch it wurkferkear en fytse oer de Ofslútdyk foarearst net mooglik is. De minister sei ta dat se oerlizze sil mei it fytsersbûn oer de mooglikheid om parten fan it fytspaad wer te iepenjen, sadree't de dyk dêr klear is. "Voor de rest van de dijk blijft er gewoon een fietsbus voor fietsers en wandelaars."

Minister Cora van Nieuwenhuizen oer de Ofslútdyk

(Advertinsje)
(Advertinsje)